Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
op 'e Hearrewei spoeke it. Dêr is ris in man lâns gong, dy hie gâns flokt en sweard. Hy woarde dêr samar beet krigen, sûnder dat er ien seach, en yn 'e sleat smiten. Sûnt doart er dêr net mear lâns.
nl.verhalenbank.25632
Jehannes van der Zee wenne op 'e heide. Hy wie arbeider by Sjoerd Bonnes, in boer yn Sumar. Dy Jehannes wie o sa rûch yn 'e mûle. 't Koe him neat skele hwat er sei en hy flokte om 't oare wurd.
Op in moarn gong er nei de pleats fan Sjoerd Bonnes. Hy moest de hege loane del.
Doe't er yn 'e skuorre kaem, pakte de duvel him. Hy waerd tsjin 'e hoannebalke oan...
nl.verhalenbank.31492
Op 'e Hearrewei dêr roan us in man, dy hie tabak by him. Twa man kommen út 'e herberch wei, dy hienen in stik yn 'e kraech en roannen mei him op. Hy helle in toppe tabak út 'e kladde, smiet dat op 'e wei en sei: Dêr, duvel.
Dat die er noch in pear kear en elke kear sei er: Dêr, duvel.
Doe kom der him ynienen in ding op 'e holle krektlyk as wie 't in...
nl.verhalenbank.12263
De Man en syn basis
Dêr dangelt oan 'e lange sleatten
In spoeksel om, dêr elts fan grout.
Eeltsje Halbertsma
'De basis, seinen se, hie er altyd op 'e Saiter, of foar de Saiter oer. Dat wie op 'e helte fan 'e Langesleatten. Dêr troffen se him altyd. Dêr leit in stik lân, dat haw ik withoefaken meand, earst mei de seine, letter mei de hynders wol en noch...
nl.verhalenbank.13040
It gebeurde ris dat der yn Burgumerheide in faem net goed wie. Doe gongen se nei Piter Poes ta om ried.
Piter sei, hy soe by de faem komme.
Hy ried op 'e hounekarre mei Steffen Prûk dêrhinne. 't Wie Steffen syn karre. Piter frege de âlden dit en dat, doe sei er: "Nou wit ik it wol. Jow my it fanke har holkessen mar ris." Dat snie er iepen. 't Wie in...
nl.verhalenbank.32314
By Burgumerdaem wie in timmerman, dy hie 't bakje mei ridskip oer 't skouder. Hy hie to timmerjen west en wie op wei nei hûs ta. Underweis hied er oanstutsen en 't wie al hwat skymrich. Hy wie frijhwat rûch yn 'e mûle.
Underweis helle ien him yn, dy roan njonken him.
"Goeije navend", sei de timmerman, mar de oare sei neat.
"Wolstû forrekkeling, neat...
nl.verhalenbank.31811
Op 'e Pasterije-lânnen to Sumarreheide wie 't ek lang net plús. Der is us ien mei de petroaljekarre lâns kom. Hy woarde mei karre en hounen en al samar optild en oer de dyk smiten.
nl.verhalenbank.20279
Der wenne yn Sumarreheide in boerearbeider. Dat wie in swetser. Hy wie nergens bang foar, sei er. Hy doarst by dei en by nacht oeral wol hinne.
Op in kear, doe moest er oer in plankje. Doe siet dêr ien op him to wachtsjen. 't Wie gjin goed spul, dat seach er wol. Dyselde nom him op en smiet him yn it wetter. Doe wie dy arbeider aerdich bikom.
nl.verhalenbank.21365
Yn Feanwâldsterwâl siet in keardel yn 'e kroech, dy wie dronken. Hy sei it raer op en flokte dêrby grouwélich.
Mar doe moete er de kweade, doe't er bûten wie. Dy smiet him yn 'e feart. Doe't hy der wer út kom, dreauwen syn pet en syn klompen noch yn 'e feart. Doe't er dy seach, sei er: "Elk ret him sels, hear, bliuw jim der mar yn."
nl.verhalenbank.20268
Beint Dekker (= Boonstra) kom us in kear út 'e kroech wei fan 'e Harste. Doe't er de Hearrewei in eintsje delroan wie, seach er in wyt ding op 'e wei.
Beint sei: "Ast hwat wolste, mast hjir komme, dan sil 'k dy krije." En hy skopte tsjin dat wite ding oan. Doe kom dat op him ta en gong him op 'e klompen sitten. En doe hat it Beint yn 'e berm smiten.
nl.verhalenbank.20282
Yn 'e Sumarreheide op 'e pasterijelânnen yn 'e bocht is Hindrik de Graaf, mei de petroaljekarre en de beide hounen dy't er foar de karre hie samar oer de dyk hinne smiten woarn. It nuvere wie dat de petroaljebussen noch like rjocht yn 'e karre stienen. Hindrik doarst letter noait wer oer de pasterijelânnen, hwant dit wie wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.21363
Yn Drachtster Kompenije hat Eise Poal wenne. Dat wie in flokker en in spotter. Op in joun hie dêr ris lawaei west, boven yn 'e skuorre. 't Gong der bot oan wei, mar Eise wie net bang. Der wie net ien dy't dêr hinne doarst, mar Eise wòl. Hy flokte om 't oare wurd en doe't er boven op 'e leider stie, sei er: "Hwer bistû, foar den duvel?"
Hy hie 't net sein...
nl.verhalenbank.32928
Alde Gerben Visser wenne op 'e Tike. Hy wie mei de helm geboaren. Op in joun hied er mei 't wiif to praten west. It gong froeger faek op in jounpraten. Se wienen ûnderweis nei hûs ta.
Mast even achter my gean, sei Gerben tsjin har. Is der hwat, Gerben?
Ja, sei er. Doe gong er in eintsje sydlings op in sânpaed.
Even letter sei er: Kinst wol wer njonken my...
nl.verhalenbank.12252
Jehannes van der Zee wie in raren-ien. Sweare en flokke en swetse en mâltjirgje, dat koed er omraek. Hy sei altyd, hy woe de duvel noch wol us sjen. Hy wie arbeider by de boer. Op in moarntiid soed er nei de boer ta. Hy roan de Harsteloane del. Doe kom him dêr ien op side. Dyselde sei neat. Jehannes sei ek neat. Mar hy seach wol, dat it forkeard spul wie....
nl.verhalenbank.12244