Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie ris in smit, dy wie frijhwat eigenwiis. Hy miende, dat er de allerbêste smit wie fan 'e hiele wrâld. Dêrom liet er boven 'e doar sette: Smid der smeden, meester bovenal.
Mar de duvel woe him dat ris even bitelle sette. Dy forhierde him by dy smit as feint.
Doe kom dêr ris in koetsier, dy hie in hynder foar de wein en dat hynder miste in izer.
Doe...
nl.verhalenbank.32947
It gebeurde ek wol us dat sterke Ynse foar de gek it ambyld út 'e smederij wei helle en stikum achter yn 'e tún delsette, as de smit der tafallich net wie. Yn Bakkefean gebeurde dat. Hy moest it sels ek wer toplak sette, hwant der wie net ien, dy't dat oars koe.
nl.verhalenbank.19685
Froeger hienen se greate kettingeiden (= eggen). Dy dingen wienen hiel swier. Der wienen twa man foar noadich om sa'n kettingeide op 'e wein to lizzen en dan hienen se der nòch tillen oan.
Dyselde luije boer hie sa'n kettingeide by Jan Welling, de smid fan Aldegea. Dêr hie hwat oan mankeard en de smid hie 't makke. De boer kom dêr om de kettingeide op to...
nl.verhalenbank.33337
Feitse Witteveen fortelde my de folgjende trije teltsjes oer syn pake: Sterke Hearke:
Sterke Hearke hâldde wol fan in grapke. Hy hat it ambyld dat 700 poun swier wie, wol us út 'e smidte helle, wylst de smit der even út wie. As dy dêr dan wer kaem, wied er skjin forlegen. Dan sette Hearke it der wer foar him yn.
nl.verhalenbank.19697
Sterke Ynse fan Bakkefean mocht graech in sûpke. As er dan wer sin hie oan in slokje dan gong er hinne en helle it ambyld by de smid fan 't blok en dat sette er dan bûten del. De smid koe 't der net wer yn krije. Dan woarde Ynse der by helle en as dy 't dan wer toplak hie traktearre de smid him op in slokje.
nl.verhalenbank.24818
Syn dochter Rixt tilde op in kear it aembeeld út 'e smederij fan 't blok en sette dat bûtendoar op 'e wei. Dat aembeeld woech fjouwerhûndert poun.
nl.verhalenbank.27503
Ik en myn wiif wienen us to jounpraten by in boer yn Haulerwyk. Doe fortelde dy boer ús, der wennen by in boer in greatfeint en in lytsfeint. Dy greatfeint en dy lytsfeint sliepten by elkoar yn 't selde bêdsté. Mar dy greatfeint hie in swier lot. Alle nachten om tolve ûre moest hy der ôf. Dan woarde er kloppe. Dan stie 't wite hynder foar 't bêdsdoarke en...
nl.verhalenbank.32685
Omke Roel (= Roel Deelstra = Swarte Roel) wenne to Aldegea. Dy wie tige sterk. Dy sette samar even it aembeeld by Alle-smid (= A. Welling) út 'e smederij wei op 'e dyk. Mei man en macht moesten se it der wer ynhelje. It forstân gong net lykop mei syn kracht.
nl.verhalenbank.33701
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dat mat ek in ôfgryslik sterk frommes west ha. Dy tilde samar even it aembeeld by in smid út 'e smederij wei en sette it op 'e wei.
nl.verhalenbank.26055
Yn 'e Wylgen hat in smid wenne, dat wie in sekere Halbe Jorna. Dy hie in feint, dy hiet Wytse v.d. Meulen. Dy feint wie ôfgryslike sterk. Op in moarn krige er rûzje mei de baes ûnder kofjedrinken. Hy gong der út en kom net wer. Doe't syn baes in skoftsje letter yn 'e smidte kom, wie 't ambyld fuort. Dat stie midden op 'e wei. De boeren ha de smid...
nl.verhalenbank.19312
Tolve slaggen op it ambyld
In foarnaam hear dy't op in slot wenne soe op in kear tige heech besyk krije. Hy liet alles yn oarder bringe. Doe beseach er syn homeie en dy stie him net oan. De smid yn 't doarp wie in keunstner yn syn fak en dy krige de opdracht om in prachtich moai izeren homeichek te smeien. Se makken in dúdlike ôfspraak, it moast foar de...
nl.verhalenbank.12132