Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Njonken de meniste tsjerke to Feanwâlden is in slot, dêr reizge altyd in frou om, sawol nachts as deis.
Deis wie se yn 't wyt en nachts yn 't swart. Soms gong se yn 'e berm lizzen. De oare moarns wie se der wei. Hja sei noait hwat. Dêr wienen guon tige binaud foar.
nl.verhalenbank.38062
Op 'e Skilige Piip spokket in âlde hear, wurdt der altyd sein. Dêr hat froeger in slot stien en dêr wenne in mynhear yn mei in hiele protte jild. Dat hie dy mynhear letter bidobbe yn in kiste. Doe't er dea wie, spokke dy man dêr om. Hy hie reade hakken ûnder 'e skuon, wie 't sizzen altyd. Hy waerd neamd: de mynhear fan 't slot.
Dêr spokke èk in hynder.
De...
nl.verhalenbank.38091