Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hy wie boerefeint en hie de gewoante altyd let thús to kommen. Op in kear wenne er by in boer, dy hie dêr in hekel oan. Dat dy die de doar op slot. Mar de oare moarns lei Jehannes wòl moai op bêd. Hy wie der samar ynkom; fêste slotten joech er neat om.
nl.verhalenbank.37963
Njonken de meniste tsjerke to Feanwâlden is in slot, dêr reizge altyd in frou om, sawol nachts as deis.
Deis wie se yn 't wyt en nachts yn 't swart. Soms gong se yn 'e berm lizzen. De oare moarns wie se der wei. Hja sei noait hwat. Dêr wienen guon tige binaud foar.
nl.verhalenbank.38062
To Hurdegaryp hat in slot stien, dat wie Bennema-state. Dêr wie in homeije by dat slot mei in hekke. Dokter Bontekoe wenne dêr. Dy hekke koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.38211
Op 'e Skilige Piip spokket in âlde hear, wurdt der altyd sein. Dêr hat froeger in slot stien en dêr wenne in mynhear yn mei in hiele protte jild. Dat hie dy mynhear letter bidobbe yn in kiste. Doe't er dea wie, spokke dy man dêr om. Hy hie reade hakken ûnder 'e skuon, wie 't sizzen altyd. Hy waerd neamd: de mynhear fan 't slot.
Dêr spokke èk in hynder.
De...
nl.verhalenbank.38091
Ergens yn Fryslân stie in slot. De hear en de frou wienen fuort. Allinne de faem wie thúsbleaun mei de âld túnman. Dy moesten togearre op it slot passe.
Dêr kaem in keardel mei in great pak op 'e rêch. Dêr hie er handelswaer yn, sei er, en hy frege de faem of dat pak dêr dy nachts wol op it slot bliuwe mocht, wylst hy nei it doarp ta gong.
Dêr hie dy faem...
nl.verhalenbank.37950
Oan 'e Boppewei, tichte by de Skilige Piip, stiet in heech spultsje. Dêr foar leit in stik lân, dêr hat in slot op stien. De lju dy't dêr wennen, ha dêr in kiste mei jild bigroeven yn 'e groun. Mar gjin minske dy't him wer út 'e groun wei krije kin. Se ha wol groeven, mar it joech neat. Hy sakke hyltyd djipper yn 'e groun, hwat djipper de minsken groeven.
nl.verhalenbank.38297