Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
De nachtmerjes kommen ta de slotsgatten yn.
nl.verhalenbank.21907
Fan sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.29629
In nachtmerje wie in frommes. Ien fan 'e sawn dochters wie in nachtmerje. Hja koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Hja kaem ek wol by de hynders. Dan bigounen dy bot to skoppen. De nachtmerje makke flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.32117
De nachtmerje kaem troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Men moest de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan kamen se net by jin.
nl.verhalenbank.29711
Een nachtmerrie, sei men froeger, dat was een frou, die door het sleutelgat in huis kwam. De mensen werden doodsbenaud as sij er was. 't Waren duivelskunsten.
nl.verhalenbank.20293
Ien fan 'e sawn dochters dy't achter elkoar binne, is in nachtmerje.
In nachtmerje komt troch 't sleutelgat yn 'e hûs.
Men mat de skuon of toffels forkeard foar 't bêd sette, mei de hakken nei 't bêd ta, dat is in middel om der gjin lêst fan to krijen.
Sy meije neat meinimme. Men kin ek moal struije.
Sy flechtsje de moanjes fan 'e hynders.
Nachtmerjes...
nl.verhalenbank.24896
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske.
Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. De minsken kinne moal struije, dan komme se net. Of de klompen achterstofoar foar 't bêd sette. Dat dienen wy altyd. Ek wol omkeard foar de doar.
De nachtmerjes ride nachts op hynders om. Dan meitsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.22762
As ien sawn op elkoarfolgjende dochters hat, is ien fan dy dochters in nachtmerje. In nachtmerje komt by oaren yn 'e hûs troch 't kaeisgat hinne en soms ek wol ûnder 'e doar troch.
As men in fleartokke ophinget foar 't bêd kin men de nachtmerje keare.
nl.verhalenbank.25524
Nachtmerjes krûpe troch 't kaeisgat. Sy krûpe op 'e minsken. It binne meastal froulju.
Nachtmerjes meije neat meinimme. Alles hwat se oan har ha út in oar syn hûs, mat der earst sekuer wer ôf.
Der wie in man, dy hie altyd hinder fan in nachtmerje. Doe hied er moal oer him hinne struid.
De oare moarns stie de nachtmerje yn 't achterhûs. Sy wie mei de klean...
nl.verhalenbank.20507
Myn man syn heit hie in pottekar in froeger jaren.
Dan gyng it hynder nachts so gruwelijk tekeer.
Nachts kwam de nachtmerje. Dy flocht flechten in de manen. Dat docht se sear, segge se.
Minsken hebben ook last van nachtmerjes. Een nachtmerje is een frommeske.
Ik hew wel papier in 't sleutelgat doen en de toffels omkeard foar 't bed set. En duveldrek onder...
nl.verhalenbank.25087
In nachtmerje is in frou. Yn 'e nacht komt se by de minsken yn 'e hûs. Hja kin troch 't kaeisgat. Hja giet nei 't bêd ta dêr't de minsken lizze. De minsken kinne dan neat mear bigjinne. Hja hat se yn har macht. As men earst mar wer sa fier wie en men koe de foet oplûke, dan wie men fan har bifrijd.
nl.verhalenbank.31232
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs. 't Binne yn 'e regel froulju, mar ek wolris manlju en soms ha se de gedaente fan in dier.
As men jiske struide foar de drompel of foar it bêd, dan kommen se net, hwant dêr wienen se bang foar.
Sy meije neat meinimme út in oar hûs en jiske, dat kleeft fêst.
nl.verhalenbank.24367
Ek by de minsken kaem de nachtmerje. In nachtmerje kaem troch 't slotsgat en socht it bêd fan 'e minsken op. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en hâldden de kaei yn 't slotsgat.
De minsken bestruiden har mei moal. Dan bleauwen de nachtmerjes op 'e minsken sitten en koenen se der net wer ôf komme. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding...
nl.verhalenbank.29509
De nachtmerje komt yn 'e nacht by de minsken.
Froeger setten se de klompen ûngelyk foar de doar 89 jouns. Guon âlde minsken dogge dat noch. Oars kin de nachtmerje dêr yn stappe. Hwant sy rint altyd yn 'e fuotleasten fan 'e minsken.
De nachtmerje komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. De minsken struiden wol us moal op 'e rânne fan 't bêd of op 't gesicht...
nl.verhalenbank.24237
In nachtmerje wie in frommeske. Dat ried op 't hynder en makke flechtsjes yn 'e moanjes fan 't hynder. Sy kom ek wol yn 'e hûs. Dan gong se troch 't kaeisgat hinne en knypte de minsken yn 'e hals, dat se oan 't smoaren ta wienen.
De minsken makken in krús yn 't sân op it hiem. Dat krús, dêr dienen se sâlt yn, dan koenen de nachtmerjes en tsjoensters har...
nl.verhalenbank.22686
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn. In nachtmerje kin de minsken hast smoare, sa bot knypt se. Men mat de klompen oarsom lizze of duveldrek foar de strjitte lizze. Dan hat men der gjin lêst fan.
nl.verhalenbank.22325
Fan ien fan sawn dochters, dêr't net in soan tusken sit, is ien in nachtmerje of in tsjoenster.
In nachtmerje komt faek troch 't kaeisgat.
Japik Pander fan Houtigehage (ôfkomstich fan Harkema) fortelde, syn mem hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Yn 'e tiid doe't har man nei de klaei ta wie to sichtsjen wie se bang foar de nachten. "O heden, heden,"...
nl.verhalenbank.24694
In nachtmerje is ien fan sawn famkes út ien húshâlding.
Men mat in wiete dweil op in stoel of foar de stoel dellizze, dy't foar 't bêd stiet.
Men kin ek moal op it gesicht struije. As de nachtmerje moal oan har hat, kin se net fuortkomme. Se komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Yn 'e spitkeet fan Albert (Alma) en Tet spûke it. 't Wie yn 'e Harkema. Hja...
nl.verhalenbank.10691
Fan 'e 7 jonges is ien in wjerwolf.
Fan 'e 7 famkes is ien in nachtmerje.
In wjerwolf is ien dy't net sêd kin, dy mat altyd frette.
In nachtmerje komt faek by hynders. Dan flechtet hja mei de moanjes om, dy reitsje faek yn 'e tiis. Se ride op hynders en noch leaver op fôlen. Se kinne troch de lytste gatsjes komme en geane faek troch it kaeisgat.
Men mat...
nl.verhalenbank.32183
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Ien fan 'e sawn soannen is in wjerwolf.
De nachtmerje komt troch 't slotsgat by de minsken.
Sy knypt de minsken de hals ticht, dat se omtrint smoare. Sy komme ek wol by de hynders. Dy flechtsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.22966