Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't gat fan 't ûleboerd. Dan gong se earst even op it saeibuordtsje sitten. In nachtmerje kaem ek troch de skoarstien.
Men moest der foar soargje dat de skoarstien tige rikke, dan kaem se net.
It hinnegat moest jouns fral ticht yn 't achterhús, oars kaem se dêr troch. 't Kaeisgat moest ticht treaun...
nl.verhalenbank.37354
Tsjoensters kinne troch alle gatten en kieren komme, èk troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.24712
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes.
Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang.
Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
Alde Piters Willemke wie in nachtmerje. Dy kom troch 't slotsgat yn 'e hûs, ek wol ris troch de skoarstien.
Sy liet har ek wol ynslute. Men kin in nachtmerje keare troch moal to struijen. Krije se dat oan har, dan kinne se net wer ta 't hûs út.
Piter Kimp hearde de nachtmerje altyd wol oankommen. Om 'e oare joun hied er ien op him sitten.
nl.verhalenbank.16061
Ek by de minsken kaem de nachtmerje. In nachtmerje kaem troch 't slotsgat en socht it bêd fan 'e minsken op. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en hâldden de kaei yn 't slotsgat.
De minsken bestruiden har mei moal. Dan bleauwen de nachtmerjes op 'e minsken sitten en koenen se der net wer ôf komme. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding...
nl.verhalenbank.29509
In nachtmerje wie in frommeske. Dat ried op 't hynder en makke flechtsjes yn 'e moanjes fan 't hynder. Sy kom ek wol yn 'e hûs. Dan gong se troch 't kaeisgat hinne en knypte de minsken yn 'e hals, dat se oan 't smoaren ta wienen.
De minsken makken in krús yn 't sân op it hiem. Dat krús, dêr dienen se sâlt yn, dan koenen de nachtmerjes en tsjoensters har...
nl.verhalenbank.22686
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De lju ha wol duveldrek ûnder 'e drompels om har to kearen.
nl.verhalenbank.25374
In nachtmerje is in man of in frou. Ien fan 7 susters of ien fan sawn bruorren is in nachtmerje.
In widdoufrou njonken myn skoanâlden hat ris in nachtmerje fangd. Hja hie om 't bêd hinne kaf struid: angels fan rogge-ieren. Dat hinget oan fansels. En as in nachtmerje soks oan him krijt kin er net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat meinimme.
It...
nl.verhalenbank.32346
In nachtmerje is in frommeske. Ien fan sawn susters.
Binne der sawn jonges, dan is ien in wolfmerje.
By Epema yn 'e Westerein wienen acht jonges. Dêr wie in wolfmerje tusken.
In nachtmerje giet der nachts op út. Dan giet se by oare minsken troch 't kaeisgat en dan pleaget se sokke minsken. Dy krije 't dan hiel binaud.
nl.verhalenbank.25835