Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes.
Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang.
Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
Se seinen froeger: in nachtmerje, dat is in frommeske. Dy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs en giet sa nei har slachtoffer ta. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten of troch moal op it gesicht to struijen. Se komme ek by hynders. Dy dieren ha dan de oare deis de moanjes yn 'e tiis.
nl.verhalenbank.33645
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs. Ien fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is in nachtmerje. Sy knipe jin de hals ticht. Men kin de toffels achterstofoar foar 't bêd sette of moal oer 't gesicht struije, dan kriget men der gjin lêst fan, sizze se.
nl.verhalenbank.28559
Fan sawn soannen yn in húshâlding, dy't achter elkoar oan geboaren wurde, sûnder in dochter der tusken, is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Der wurdt biweard dat men de skuon mei de hakken nei 't bêd keare mat, dan komme se net by jin.
Ik ha ek wolris heard dat ien fan sawn dochters in nachtmerje is.
nl.verhalenbank.26038
In nachtmerje kin troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Yn Hiltsjemoaiwâlden hat in nachtmerje wenne.
Myn wiif lei us op in kear op bêd, doe seach se dat Janke Jan de doar iepen draeide (Janke Jan syn mem wie in tsjoenster en hy wie in nachtmerje) Janke Jan wie in soan fan âlde Minne Ael.
"Ik seach dat Janke Jan by my kom. Hy draeide my de hals ticht, ik ha...
nl.verhalenbank.28767
Durk Laurens wie stuolwynder. Hy kom fan Boelensloane. Hy hie galanteryën ensa to keap. Dy kom wol by ús yn 'e Tynje. Dy fortelde ús, fan 'e sawn opelkoar folgjende dochters wie ien in nachtmerje. Dy koe troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs komme.
Fan 'e sawn jonges wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23800
In nachtmerje is in frommeske. De suster fan myn skoansuster hie der in protte lêst fan. Sy sette de toffels altyd achterstofoar foar 't bêd en sy hong ek fleartokken foar 't bêd.
De nachtmerje kom der troch 't kaeisgat yn.
nl.verhalenbank.27899
Us mem fortelde:
Der wie in man, dat wie in widner, dy hie nachts faek in nachtmerje by him. Op in kear hied er moal op bêd struid. Doe hearde er de nachtmerje wer oankommen. Mar troch it moal koe se net wer fuortkomme.
Troch 't slotsgat wie se der ynkom. De man hie har fangd en troude mei har. It slotsgat treau er ticht. Hja krigen bern en de bern...
nl.verhalenbank.19590
By ús heit kom alle nachten in lyts keardeltsje, dat wie in nachtmerje. Hy wie forlegen as dat keardeltsje der wie. Hy krige noait in wink yn egen en wie sokke tiden deabinaud. Doe krige er de rie fan ien, hy moest him fordacht opstelle. Dat hat er doe dien. Doe't it keardeltsje kom, hat er it by de krage pakt en hy hat it formoarzele.
Letter hat er noait...
nl.verhalenbank.28361
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is de âldste of de jongste in nachtmerje. Sa'n nachtmerje giet faek nei ien fan 'e buorlju ta. Sy kin troch alle lytse gatsjes. Meastal giet se troch 't slotsgat. Men struit moal op 't gesicht om de nachtmerje to kearen. Duveldrek lizze se ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.26200
Mit de peerden was ook wel eens wat. Dat hef mien voar zulf nait mitmoakt moar weer heurd van ollere mensn; dat is nou al over honderd joar leden. Dei hail olle mensn zeden dat er nachtmerries bestunden. Dei kroopn s nachts deur sleudelgoatn of glievn en klommen op de peerden. Zai klattern bie de moanen omhoog, woordeur de daiern den vlöchtn in de moanen...
nl.verhalenbank.43704
As men lêst hat fan 'e nachtmerje, dan hat de duvel jin topakken. In nachtmerje is in frommeske. 't Is ien fan sawn dochters, as dy op elkoar folgje.
Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. Wol men der gjin lêst fan ha dan mat men de klompen mei de hakken nei de doar ta sette.
Se komme ek by de hynders. Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.27243
Yn 't jildkistje hienen se froeger wol roggebrea yn 't kaeisgat. Ek yn 't kaeisgat fan 'e doar dienen se wol roggebrea om de kweade machten lyk as nachtmerjes en sok folk to kearen. Dat dienen se foaral winterdeis as it op in jounpraten gong.
nl.verhalenbank.12213
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Ien fan sawn soannen is in wjerwolf.
In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De minsken gongen hinne en stoppen 't kaeisgat ticht. De kaei waerd yn in fodtsje rolle en yn 't tafelslaed dien.
De toffels kamen omkeard foar 't bêd to stean.
nl.verhalenbank.36574
Ik haw in kammeraet hawn, dy hat wol gauris in nachtmerje by him hawn. Hy fortelde my: "Op in nacht seach ik har oankommen. Mar ik tochte: 'Ast hjir nou aenst biste sil 'k dy in traep forkeapje, datst net wer komst'. En 'k hie se sa hast foar myn skonken en doch in traep nei har - en trape ik dêr net dwars troch de sketten hinne?"
De nachtmerje kaem der...
nl.verhalenbank.36418
Gearte Harmke, ien fan 'e tsien dochters fan Knillis Hut wie in nachtmerje. Sy kom troch 't kaeisgat by in oar yn 'e hûs.
De minsken struije moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen. Se sette de toffels ek wol achterstofoar foar 't bêdsté.
Sy hearden de nachtmerje hast altyd wol oankommen.
nl.verhalenbank.28801
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan sawn famkes dy't opelkoar folgje yn in húshâlding is in nachtmerje. Sy kinne oeral troch; troch 't kaaisgat, ûnder 'e doar troch en troch kieren. Sa komme se by de lju yn 'e hûs. Se komme ek by hynders.
Se leinen wol in wiete dweil foar de doar del om der gjin lêst fan to hawwen. Se struiden ek wol moal op 't...
nl.verhalenbank.25921
Geale bakker hie altyd lêst fan nachtmerjes. Op in kear tocht er: "Nou wòl 'k fannacht wekker bliuwe. Dan sil 'k sjen dat ik har fange kin."
Hy hie wekker op bêd lein. 't Duorre net lang, doe wie dêr in frommes oankaem. Dy hied er beetpakt. Hy koe har tige skoan - 't wie ien út 'e Westerein - mar hy woe net sizze hwa 't it wie.
Hja wie troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.36544
Sy sizze wol fan 'e sawn froulju út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Sy komme meastal troch 't kaeisgat by jin yn 'e hûs.
Myn wiif woe net langer yn dat hûs bliuwe. Sy sei: "Ik wol hjir wei." Hy kom wyks wol twa kear. Wy binne dêr doe wei gong to wenjen, allinnich om dy nachtmerje. Der wurdt wolris moal struid om de nachtmerje to kearen, ek wol kaf,...
nl.verhalenbank.26187
Nachtmerjes kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. 't Wienen froulju en meast ien fan sawn susters. De minsken moesten in breakoarste mei op bêd nimme om der gjin hinder fan to hawwen. Sy leinen ek wol duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.18095