Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: slapen Narrator Gender: male Place of Narration: Houtigehage
Durk-om (= Durk Bouvin) en Jan Taekema dy hienen togearre op 'e sutel west mei matten. Dy hienen se op in karre. De jouns kommen se werom. Sy wienen sahwat by Swarteweisein. Durk-om lei yn 'e karre en Jan Taekema luts de karre foarút. Dat dienen se beurt om beurt, dan koe de iene nou en dan hwat útrêste. Mar by Swarteweisein woe de karre ynienen net...
nl.verhalenbank.23875
As wy yn Grinslân to flaechsteppen wienen, hearden wy dat dêr spûkskuorren wienen. As se de doarren yn sokke skuorren ek nòch sa skoattelen, se wienen de doare deis altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.23792
It wie yn 'e oarlochstiid. Der wienen in doomny en syn frou, dy slepten yn in loazjemint. Doe kom dêr in joad. Dy moest ûnderdak ha. Mar de loazjeminthâlder sei: "Ik ha gjin plak mear oer." Mar de poepen moesten him net fine, dat de doomny sei: "It is to gefaerlik dat er bûtendoar slept. Dan mat er mar by ús yn 't ledikant." De doomny en 'e frou bleauwen...
nl.verhalenbank.23977
By de Kompenijsterfeart dêr stie in greate âlde boereplaets. Dêr wennen Klaes Tyssens manlju yn, dy hienen in great stel fé. Mar der wie net in feint, dy't dêr by dy manlju wenje woe. Hwant it doogde dêr net. It bêdsté, dêr't de feint yn sliepe moest, wie yn 'e stâl, achter de mjilgong. Alle jounen as de feint yn 'e hûs west hie om to iten, en hy gong op...
nl.verhalenbank.37682
As ik nei Dútslân gong to meanen, dan meande ik de earste twa nachten op bêd.
nl.verhalenbank.23571
Boardzer Bruining hjir seach altyd lykstaesjes. Hy fortelde my ris hwat fan in âld man. Dy âld man gong alle dagen noch nei de boer ta. Op in nacht, sei Boardzer moest ik út bêd wei - ik woardde dreaun - en doe gong ik foar 't rút stean. En doe kom der in bigraffenis oan. 't Wie de bigraffenis fan dy âld man. Mar dy âld man wie doe noch soun. In dei of...
nl.verhalenbank.37705
In wjerwolf komt yn 'e nacht. Hy hat it foaral op bern bigrepen. Hy docht de bern neat, mar pleaget se allinne mar. De bern kinne dan net sliepe.
nl.verhalenbank.24308
Doe't wy froeger nei de Grinzer bou gongen to flaechsteppen slepten wy yn 'e skuorren fan boereplaetsen. Dan woarde der ûnder it folk wol sein: "Tink der om, hear, op dy en dy plaets dêr doocht it net, dêr spûket it."
nl.verhalenbank.23868
35