Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: slapen Narrator Gender: male Place of Narration: Boelenslaan
Ik wie us op in kear to ierpeldollen yn Stedum, mei skoanheit en noch forskillende oaren út 'e Harkema. Wy leinen nachts yn 't strie yn 'e skuorre. Wy leinen op in rige. Omke earst, dan skoanheit, en dan Germ, myn swager, dan Likele, dan ik, en Repke en dan noch trije froulju: Ief, myn skoansuster, Hinke en Sjouk. It gebeurde op in nacht dat de trije...
nl.verhalenbank.28288
De twa stiennen ûlebuorden Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
De heinproef Sa hiene de soldaten achter Ljouwert in mars dien, mar dêr foel ien út. En doe frege hy by in pleats (dêr stie doe noch net op fan Barrehûs) om ûnderdak. Ja, hy krige ûnderdak. Dy jounes dêr komt in frou to fregjen oft se ek ûnderdak krije koene. Ja, dy koe ek bliuwe. Mar dy soldaat dy nimt har op en dy seit: Dat is gjin frou, mar in man. Doe...
nl.verhalenbank.10855
Mem hat alris in nachtmerje by har op bêd hawn. Dy prebearre har op 'e rêch to krijen. Mar doe hie mem har mei beide hannen beetkrige, mar se wie har samar út 'e hannen weigliden, sy wie sa glêd as in iel.
nl.verhalenbank.15906
Yn 'e skuorre fan Jan Dijkhuis tusken Zoutkamp en Ulrum wie it net plús. Dêr spoeke it. Dêr doarst gjin minske yn to sliepen.
nl.verhalenbank.17679
Ik wie froeger hwat in raer man. Ik mocht graech in buorrel. Op in kear lei 'k yn 'e bosk. 'k Hie tofolle hawn en ik slepte. Ik woarde wekker fan timmerjen, krekt op it plak, dêr't ik lei. 't Klonk wit hoe lang troch. Mar der wie neat to sjen. Op datselde plak dêr't ik lei ha se letter "de Huchte" set.
nl.verhalenbank.17651
To Uthuzermeden wienen twa keppels by de boer to wjudden. Uthuzermeden leit yn 't noarden fan Grinslân. De iene keppel kom fan Twizelerheide, de oare fan 'e Harkema. De keppel fan 'e Harkema slepte boven op in souder en dy fan Twizelerheide ûnder op 'e telle. Alle nachten moest der in frommes fan 'e Harkema ôf. Dan gong se by de leider del. Guon hienen...
nl.verhalenbank.21540
Op 'e skieding tusken Grinslân en Drachten forstoar in âld frou. It deafet kaem oer de flier to stean foar it bêd fan 'e âld man. In jonge neef sliepte sa lang by him as it lyk boven de ierde stie. Doe 't se in skoft lein hienen, gong it lid fan 'e kiste: "Klap-klap", en alris wer "klap, klap." De âld man lei to triljen op bêd. "Gerben, Gerben," sei er...
nl.verhalenbank.17409
Op 'e Feanster Heide lei in man yn 'e nacht op bêd, doe hearde hy ynienen dat der bûtendoar hwat tsjin it kezyn oan skaefde. Hy fan it bêd ôf en nei bûten, mar der wie neat to sjen. Hy joech him wer del. In skoftsje letter waerd der bûtendoar hwat del set dat fan hout wie en der waerd ek hwat boven op goaid. Wer gong de man der op ôf om to sjen, mar ek...
nl.verhalenbank.17635
Ik wie by mem en dy yn 'e hûs. Alle nachten hie ik hinder fan 'e nachtmerje. As ik op bêd lei hearde ik de bûthúsdoar súntsjes iepengean. Earst woarde de ring optild, dan hearde ik de klink fan 'e doar. As dan de nachtmerje oan 'e keammerkedoar ta wie, lei ik al yn ûnmacht. Op in kear nom ik my fêst foar, ik woe har nei. Ik hie de earm boven de tekkens en...
nl.verhalenbank.19594
Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. Deselden dy't dêr mei de holle op leinen, woarden siik.
nl.verhalenbank.36209
Sjoerd de Haan (^) fan 'e Harkema hie nei Stêdskanael ta west to baggeljen. Hy kom thús yn 'e Harkema, en doe wied er sa warch, dat hy steurde him dy nachts alhiel net oan 'e frou en foel sa yn 'e sliep. De snein-to-middeis hienen Sjoerd en Rienkje, syn wiif, togearre op it hiem stien. Doe hie dêr in hin west, dy woe trêdde wurde troch de hoanne. De hin...
nl.verhalenbank.28426
Wy gongen wol nei Kloosterburen ta to sichtsjen. Dêr stie in boereplaets, dêr ha ik wol yn slept. It gebeurde faek dat de doar dêr yn 'e nacht samar fansels iepen gong, sûnder dat der in minske wie; ek as er goed fêst makke wie fan tofoaren.
nl.verhalenbank.37847
Myn wiif har pake hat oan dy wei wenne tusken 't Jachtfjild en 't Blauhûs. Sy wennen yn in plaets. Dy is der al lang wei, mar de hage stiet der altyd noch. Op in joun kom dêr in frommes, dy woe graech ûnderdak ha foar de nacht. Se lieten it minske der yn. Mar doe't pake har us in pear kear goed opnom hie, tocht er: Dû kinst wol us net in frommes wêze. En...
nl.verhalenbank.21217
Yn Sweagerbosk (by de Westerein) hie ús mem (Thomas Klare) in âld man yn 'e kost. Dy wie tige krebintich. Mar wie der in lykstaesje yn 'e buert op komst, dan moest hy dy fan tofoaren sjen. Hy koe hast net mear út bêd komme, sa knoffelich wied er. Hy tûmele der út. Dat gebeurde samar midden yn 'e nacht. Hy woarde dreaun. Hy mòest it sjen.
nl.verhalenbank.19602
't Wie yn 'e simmer, in drokke tiid op 't lân. De boer sei de jouns tsjin 'e faem: "Dû mast der om tinke, as't moarn moai waer is, dan matte wy der bitiid ôf en yn 't hea." De oare moarns wie de faem der bitiid ôfgong en op 'e strjitte sitten gong to pisjen en dêr hie se by ôfblaesd. Doe't se wer yn 'e hûs kom, hie de boer frege: "Hoe liket it waer?" "De...
nl.verhalenbank.28453
Ik wie in jonkje fan sa'n fjouwer jier. Ik gong noch net net skoalle. Heit wie faek yn Dútslân oan 't wurk. Dan slepte ik by ús mem yn 'e lege weech. Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe seach ik in pear keardels by ús yn 'e hûs, dy setten in bakje yn 'e hoeke del. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst net út bêd. Letter stoar der ien fan myn...
nl.verhalenbank.28080
Op 'e Veenhoop stie in boereplaets, dat wie de Flearbosk. Dêr wenne in boer mei syn húshâldster. Der kommen op in joun twa man, dy woenen dêr graech sliepe. Dat mocht wol. Mar even letter hearden se wèr guon oankommen. It wienen sawn rovers. De boer tocht net oars of it wienen hantlangers fan 'e beide oaren. Hy tinkt: de fyân binnen en de fyân bûten. Hy...
nl.verhalenbank.21728
Gerke Veenstra wie in forwoest man. Syn earste frou wie dea. Doe troude er wer. Willemke hiet syn twadde wiif. As er jouns by syn wiif op bêd lei, hearde er hiel dúdlik klopjen op it bêdsbuordtsje. Syn wiif hearde it net, hy allinne. It wie syn earste frou, dy't kloppe. Hy hie har net sa moai bihandele. It klopjen bigong altyd krekt om deselde tiid. Doe...
nl.verhalenbank.28334
Janke moest der nachts altyd út as der in lykstaesje to sjen wie. Dan wie 't net to kearen. Sy woarde twongen.
nl.verhalenbank.28082
35