Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Der wie in keardel, dy koe troch in balke hinne krûpe. De minsken seagen der allegear nei. 't Wie op 'e kermis. Mar der wie ien by 't publyk dy sloech him mei de stok. Doe raesde dy keardel it út. En doe seagen se allegear dat er by de bálke lâns krûpte.
nl.verhalenbank.25382
Jierren letter wienen ik en myn broer us yn Kûkherne. Wy soenen dêr in stik lân meane. Dat wie tichte by 't hûs dêr't dat wiif wenne dat doe in boskje fodden wie.
It wie moai gers, mar der roan in paed troch, dêr wie 't alhiel plat trape. It wie skande fan 't gers.
Ik sei tsjin myn broer: "Dat hat dat âld-wiif dien. As ik har hjir seach, dan sloech ik har...
nl.verhalenbank.25182
In tsjoenster foroare har faek yn in kat.
As se sa'n kat in mep joegen hie de tsjoenster de oare deis in blessuer oan har.
nl.verhalenbank.33022
Op in joun hienen wy to praten west. Yn 'e nacht kamen wy werom. Doe kjirme en krolle stammerige Harm dêr op it lân om en hy rôp mei in aeklik lûd: Sy slagge my dea! Sy slagge my dea!
Ik kaem by him en sei: Der is net ien, jong, dy't dy dea slacht. Mast mar sjen, datst op bêd komst en de doar fêst. Doe gong er nei hûs ta. Ik hie wol yn 'e gaten, dat it de...
nl.verhalenbank.16101
Oan 'e Swadde stie in húske, dêr wenne in nicht fan my yn. Dêr sieten planken tsjin 'e want oan, dêr hienen se de itenspannen ensa op stean.
Soms wie 't krekt as sloech der ien mei man en macht tsjin 'e gevel oan. Pannen en alles is wolris yn diggels delkom.
Dêr hienen in heit en in pear soannen yn dat húske wenne. Dy forswearden God en 't wienen hiele...
nl.verhalenbank.17011
By Harm v.d. Berg, hjir oerdwars, forskynde in fremde kat. Doe't Harm it dier gewaer woarde, joech er dy kat in opdonder. Doe hie der de oare deis in frommes west, dy hie hwat oan 'e hals mankeard. 't Wie in frommes út dizze buert. 't Wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.29539
As in boom (= keppel) mendeis nei de Grinzer Klaei ta soe to flaechsteppen of to wjudden dan stelden se fan tofoaren fêst of it dy deis fortroud wie of net. Dan gong de keppelbaes hinne en sloech in bytsje losjes in pealtsje yn 'e groun. Dan luts er syn jas út en smiet dy oer dat pealtsje. As dat pealtsje mei dy jas dan nei harren tabûchde, dan wie 't net...
nl.verhalenbank.29937
Oan 'e Lange loane yn in âld hûs by Albert Koning hâldden in keppel jonge bazen it avondmaal. Dan waerden der aeijen sean en Albert sloech op 'e seine en song:
"Twisters, twisters,
twist met mijn twisters, Hemelheer,
ga haar bestrijden toch te keer."
nl.verhalenbank.37375