Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Hurdegaryp hat in hekke stien, dy gong nachts tolve ûre altyd iepen. Der wurdt wol sein dat dêr de baron in feint deaslein hat. Hy die dat mei it hoofdstel fan in hynder, krekt op it plak dêr't dy hekke letter kom. Doe ha se dêr letter in tichtsluting makke. Dat wie in gewoane peal mei in ketting der oan. Dy peal siet oerdwars. Mar hy wie de oare...
nl.verhalenbank.26106
Hearke syn dochter Rixt wie èk sa sterk. Dy wenne èk yn 'e Ham. Op in kear kom se mei har feint by de brêge op 'e Tille. Dêr hienen fjouwer mannen op 'e brêge stien en dy hienen sein: "Dy fint mat werom."
Doe hie Rixt sein: "Wachtsje dû hjir mar even. Ik sil wol even mei dy mantsjes rêdde."
Doe't se der oan ta wie, hie se dy mannen ien foar ien by 't...
nl.verhalenbank.27586
In wikseldaelder kin men altyd mar útjaen, hy komt grif werom. By de frijmetselarij ha se wikseldaelders. Kobus Dalstra wie sa'n frijmetselaer. Ek in neef fan my, Wessel Gal hie him oan 'e frijmetselerij forkocht. Frijmitselers, dy't jild brûke matte, wurde trije kear holpen.
As de frijmitselers by elkoar komme, ken de iene de oare net. Sy komme der...
nl.verhalenbank.24879
Doe't Jiske Wyts ien fan uzes ris bitsjoend hie, hat heit ris yn 'e nacht nei har ta west. Doe wie se midden yn 'e nacht yn 'e kachel oan 't readen.
Doe hat heit alle glêzen by har ynslein.
Har soan dat wie Jochum-sûnder-hakke. Dy sei: "Sil 'k him gau us bitsjoene?"
nl.verhalenbank.24701
Sterke Ynse fan Bakkefean kom us in kear op 'e Drachtster merke. Dêr stie in krachtmeter. Ynse krige de hammer en sloech der mei ien earm mei. De hiele krachtmeter sloech er plat tsjin 'e groun.
Doe sei de man fan 'e krachtmeter: "Aldergeweldichst, hwer komt dy slach wei?"
"Fan Bakkefean", sei Ynse.
nl.verhalenbank.25652
In swarte kat is faek in tsjoenster. 't Is ek wol us de duvel sels.
Myn wiif har pake, dat wie Hindrik Swart. Mar sy neamden him allegear Hindrik Skutter. 't Wie in hiele raren-ien. De kweade wie syn maet.
Hy siet op syn manier yn 'e bibel to lêzen, mar dan song er dêr wylst allegear rare ûnfatsoenlike strjitferskes by. Dy stienen dêr yn, sei er. En dan...
nl.verhalenbank.21219
Hjir stie in âld húske, dêr wennen twa minsken yn. De man hie gâns lêst fan 'e duvel en dêr sil er it ek wol nei makke ha. As er ergens wei kaem, dan praette er de hiele wei lâns krektsa lang oant er thús wie. Dat wie tsjin 'e kweade. Mar de oare minsken seagen de kweade net.
Thús pakte Satan him en sloech him mei de kop tsjin 'e stile. Dan moast de frou...
nl.verhalenbank.17165
Brant Veenstra hie altyd in soad lêst fan nachtmerjes. Hy fornom de nachtmerje oankommen. Earst kom er op syn fuotten, dan klom er al heger en heger en op 't lêst knypte er him de strotte ticht. Dan wied er deabinaud. Mar hy hat de nachtmerje noait in kear sjoen, sei er.
nl.verhalenbank.17589
Alde Hindrik IJe (Jehannes potkarre syn skoanheit) wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Dy roan mei 't pak. Hy hie in fluwielen sek op 'e rêch, dy wie mei koarden ticht strûpt. Hy wie in greate foarse keardel. Op in joun soed er nei hûs ta. Hy wie sahwat oan 'e Staetsskoalle ta dêr't de Singel bigjint. Doe stie dêr oan 'e kant fan 'e hage in keardel....
nl.verhalenbank.21215
Tsjin 'e maitiid wie er oan 't skrobbermeitsjen. Hy kom by twa mannen. Dêr stie in âld duveltsje (kachel) oer de flier. "Hwannear sil dy kachel fan jimme der ris út?" sei er.
"Hy is hast oan ein," sizze de mannen, "hy mat der yn 't koart mar út."
Jan sei: "Dan kin der ek neat oan biskadige wurde."
Hy slacht de kachel mei de fûst mei pipe en al oan...
nl.verhalenbank.25105
Hjir hat in tsjoenster wenne dy koe har foroarje yn in kat. Har man wie boer. Dy kom us op in kear thús ta de achterdoar yn. Hy gong de mjilling del en doe seach er in swarte kat. Hy joech dy kat in skop, dat dy bleau lizzen to jammerjen en to razen.
De oare moarns siet syn eigen frou mei de earm yn 't wynsel. Hja wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25663
Syn soan Jan wie ek ôfgryslike sterk. Dy woarde fan al it swiere tillen miswoechsen.
By de klompmakker koft Jan Landheer in pear nije klompen. Hy paste se. "Binne se goed sterk?" sei er. Doe die er ien oan 'e fuotten en sloech der mei de fûst op. De klomp spjalte fuort midstwa.
nl.verhalenbank.25104
In slangekoaning kin fluitsje.
Hjir yn Driemunt leit it Koarige. Dat heart by de van der Kooi's plaetsen. Dêr wie froeger in drintehok.
Der wie in skieppehoeder, dy paste op 'e drinten. Dat wie ien fan 'e Grinzer Pein.
De skiep foarmen ien greate kudde altyd, mar op in kear wienen se ynienen útinoarren roan. Yn 'e midden fan 'e kudde kom in rûm plak. De...
nl.verhalenbank.25822
As de klok deadsk lette, sei myn suster, dan hong der in deaden oan 'e bingel. As de eksters om 't hûs hinne skatteren, wie dat in faei teken.
nl.verhalenbank.17672
Der stie ergens in kastiel, dêr koe noait ien ynkomme. Der moest in protte jild yn sitte. Der wienen trije fearten om dat kastiel hinne. Oer elke feart lei in houtsje. Dêr moesten se oerhinne om yn dat kastiel to kommen. Mar dat doarst net ien, hwant op elk fan dy houtsjes siet in raer ding.
Doe wie der ris in feint, dy sei: "Ik weagje it." Hy nom in peal...
nl.verhalenbank.17739
Heit fortelde: Wibe Alma kom in kear út 'e kroech. Hy hie to folle hawn en forwinske alles. Foar de duvel wied er net bang, hied er sein.
Ynienen wie der hwat njonken him lâns gong. 't Wie in persoan. Dy reizge mei him oan hûs ta. Wibe hie skoan yn 'e gaten dat it de kweade wie en hy tocht him sa binaud, dat it swit hie him ta alles út roun. Dy persoan...
nl.verhalenbank.28090
Us mem fortelde, der wie in jonge feint, dy moest moarns altyd nei 't lân ta to skiepmelken. Op in kear kom der in wite gedaente op him ta. Dêr wie dy jonge binaud foar en hy gong werom.
Dat gebeurde de oare deis wer. Doe sei de arbeider fan 'e boer, dêr't dy jonge wie: Nou sil ik dêr ris hinne. Hy hie in stik izer by him. Hy wachte by de barte dy't oer...
nl.verhalenbank.28319
Doe't Piter Scheper stoar [yn] 1951 kom syn dochter Sjoukje yn it hûs to wenjen. Hja wie troud en hie in pear bern. Earst gong it goed, de man hie fytsmakkerije, mar op 't lêst wie 't allegear forkeard. Hy wie net earlik tsjinoer syn frou, sy hienen faek rúzje en al sa mear.
Op in nacht woarde der yn dat hûs op it aambeeld slein en der woarde mei de...
nl.verhalenbank.24912