Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ek in kear doe moest Hearke in sek fol jild nei Ljouwert ta bringe. Hy hie de sek oer de rêch, dat wie in swiere sjou, hwant sulverjild weecht der yn.
Underweis waerd er troch twa man oanfallen. Dat wienen banditen. Mar Hearke naem yn elke earm ien en sloech dy beide hearen tsjin elkoar oan.
Doe hienen se genôch. Hja makken hastich dat se fuortkamen.
nl.verhalenbank.37321
Hearke hie forskillende bern. Ien fan 'e dochters dat wie Rixt. Dy wie krekt sa sterk as Hearke. In oare dochter fan Hearke dat wie Griet. Dy wenne by Rixt yn. Rixt wie net troud. Griet hie in jonge oerwoun, dy wie by dy beide froulju yn 'e hûs. Dy jonge wie doe sa'n sechstjin jier âld.
Op in kear moest dy jonge greidhakje, mar dêr makke er neat fan. Doe...
nl.verhalenbank.19565
Myn muoike wie Aeltsje Witteveen, dat wie in suster fan heit. Dy wie ek tige sterk. Op in kear hie se twa earnamers oan 't jok. Dy sieten beide stiiffol mei wyt sân. Elke earnamer koe krekt in kynsen yn (dat is _ h.l.). Us heit dy seach it, en dy tocht: Dat rêdt se noait op. Hwant sy moest der in hûndert meter mei rinne. En as se it àl dwaen koe, tocht...
nl.verhalenbank.19566
Sterke Hearke hat soldaet west yn Den Helder. Dêr lei in anker, dat woech alvehûndert poun. Hearke tilde it op. "Nou sil ik it ek om 'e kaserne hinne tille," sei [er tsjin] de overste, "as ik dan frij fan tsjinst wêze mei."
Mar de overste hie 't net weagje doarst.
nl.verhalenbank.21374
Sterke Hearke hat wol hwat yn 'e bouten hawn. Hy wie al 88 jier, krekt foar syn dea, doe moest der in mudde rogge siedde wurde. De sek mei rogge stie by de wei. Hearke nom him ûnder 'e earm en brocht him mei gemak yn 'e skuorre.
nl.verhalenbank.33188
Hearke syn heit wie in gewante keardel, folle foarser as Hearke en ek goed sterk. Mar Hearke wie folle sterker.
Hearke wie in great-jonge en wenne by syn âlders yn 'e hûs. Doe kom op in kear Piter Durks fan Hamster Pein by Hearke syn heit. Hy sei, hy woe wol us sjen, hwa't de sterkste wie, hy of Hearke.
"Dû trefst it net," sei Hearke syn heit, "Hearke is...
nl.verhalenbank.21375