Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It gebeurde ek wol us dat sterke Ynse foar de gek it ambyld út 'e smederij wei helle en stikum achter yn 'e tún delsette, as de smit der tafallich net wie. Yn Bakkefean gebeurde dat. Hy moest it sels ek wer toplak sette, hwant der wie net ien, dy't dat oars koe.
nl.verhalenbank.19685
Froeger hienen se greate kettingeiden (= eggen). Dy dingen wienen hiel swier. Der wienen twa man foar noadich om sa'n kettingeide op 'e wein to lizzen en dan hienen se der nòch tillen oan.
Dyselde luije boer hie sa'n kettingeide by Jan Welling, de smid fan Aldegea. Dêr hie hwat oan mankeard en de smid hie 't makke. De boer kom dêr om de kettingeide op to...
nl.verhalenbank.33337
Myn pake, greate Kobus (= K. v.d. Heide, mem har heit) wie tige sterk.
Sy skoaiden froeger in protte. Dat die pake ek. Op in kear hied er mei oaren to skoaijen west nei Aldegea. De giften bistienen faek út ierpels (= aardappelen) of twa sinten ofsa.
Al mei al hie pake dy kear in mudde ierpels opskoaid. Dy ierpels hied er yn in sek op 'e nekke lizzen. In...
nl.verhalenbank.33335
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Ik ha wolris heard, as Ynse baeltsjes rogge losse moest fan 'e wein, op in skip, dan krige er se mei ien hân by de tûfe beet en sette se sa op 't skip.
nl.verhalenbank.27520
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers.
Sy seinen: "Je geld of je leven."
"Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Hearke hat soldaet west to Ljouwert. Hy woe o sa graech ûnder tsjinst wei. Dêr lei op it terrein fan 'e kaserne in anker, dat woech tolwehûndert poun. Hearke hie 't alris in kear optild. Doe frege er oan 'e kaptein, hy woe graech út 'e tsjinst wei. As se it tastienen, hwannear't hy dat anker om 'e hiele kaserne hinne sjoude.
Mar it mocht net. Hy moest...
nl.verhalenbank.27502
Sterke Hearke wie ergens ûnder tsjinst. Doe lei dêr by de kaserne in anker fan fjirtsjinhûndert poun. Dat tilde er samar op. Doe sei er tsjin 'e majoor: "As ik dat anker om 'e kaserne hinne sjou, mei ik dan út 'e tsjinst wei?" Hwant hy hie in greate hekel oan 'e tsjinst. Mar it mocht net.
nl.verhalenbank.24816
Syn dochter Rixt tilde op in kear it aembeeld út 'e smederij fan 't blok en sette dat bûtendoar op 'e wei. Dat aembeeld woech fjouwerhûndert poun.
nl.verhalenbank.27503
Berga wie plysje yn Grinzer Pein. Hy wie almeugende sterk. Hy wie mear as twa m. lang en hy woech trijehûndert poun.
Jumbo neamden se him. Syn frou libbet noch, dy is in goeije tachtich jier. Hy komt fan 'e Haule. Hy hat plysje west yn Haulerwyk en yn Grinzer Pein. Ek yn Grins. Hy wie almeugende sterk. To Grins pakte er twa studinten dy't net om lyk...
nl.verhalenbank.27504
Omke Roel (= Roel Deelstra = Swarte Roel) wenne to Aldegea. Dy wie tige sterk. Dy sette samar even it aembeeld by Alle-smid (= A. Welling) út 'e smederij wei op 'e dyk. Mei man en macht moesten se it der wer ynhelje. It forstân gong net lykop mei syn kracht.
nl.verhalenbank.33701
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst. Dêr hied er in greate hekel oan. Hy woe graech frij. Doe lei dêr in anker op 'e wâl, dat woech tolwehûndert poun.
Hearke sei tsjin 'e kaptein: "As ik dat anker op 'e boat bring, bin 'k dan frij fan 'e tsjinst?"
De kaptein gong nei him ta. Hy sei: "As jo dat dwaen kinne, ja, dan binne jo frij."
Hearke tilde 't op en brocht...
nl.verhalenbank.26053
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dat mat ek in ôfgryslik sterk frommes west ha. Dy tilde samar even it aembeeld by in smid út 'e smederij wei en sette it op 'e wei.
nl.verhalenbank.26055