Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in feestje op in doarp. Yn dat doarp wenne in faem, dy tsjinne by in boer. Hja sei de moarns: "Joun gean ik nei it feest ta en dan kom ik mei in feint thús, as is 't de duvel ek."
Hja rekke nei dat feest ta. Doe kom dêr op 't lêst in feintsje by har, in kreas feintsje, knap fan snute en earen. Dy gong mei har nei hûs ta.
Mar de boer seach fuort...
nl.verhalenbank.36710
Wy wennen yn Boelensloane tsjin 'e iepenbiere skoalle oer.
Wy hienen dêr buorkerije. 't Wie yn 1898, doe hearden mem en ik timmerjen en oar lawaei by ús yn 'e skuorre. Mar yn werkelikheit wie der neat to rêdden. Mar letter hâldden de soasialisten har forgaderingen yn 'e skuorre, dan gong 't der soms bot oan wei, en noch letter, doe't de tsjerke op 'e...
nl.verhalenbank.29382
Der wie in boer dy hie slim forlet fan jild. Doe kom er mei de duvel oerien, dy soe him de lears fol jild smite, as er dy oan 'e hoannebalke yn 'e skuorre hong. Yn ruil dêrfoar soed er him letter ophelje.
De boer hong in lears oan in hoannebalke, mar sloech earst de soale der ûnderwei.
Doe bigong de duvel mei jild to smiten. Mar alle jild sakke troch de...
nl.verhalenbank.33040
To Aldegea wenne ek in hiele sterke keardel. Dy woarde altyd neamd: de luije boer.
Dy boer wie ris yn 'e ûngetiid. Doe rekke er mei in foer hea en in âld swart hynderke derfoar fêst yn 'e skuordoarren. It hynderke koe't net mear dwaen.
Doe hat dy boer it hynderke útspand en doe hat er it foer hea, dat klem siet sels los skuord en ta de skuorre yn lutsen.
nl.verhalenbank.33336
Achter Ljouwert yn in doarp stie in lyts plaetske. De minsken dy't dêr earst wenne hienen, matte dêr twa bern sa bistoppe ha, sûnder deadshimdsjes oan. Letter kommen dêr oare minsken to wenjen. Dat wienen gelovige lju. Beppe wenne der ek by yn. Sy hienen ek in lyts famke, dat wie in protte by beppe.
Op in kear, doe't beppe in mennich turven út 'e skuorre...
nl.verhalenbank.19626
Us heit wie skuonmakker, hy hat in ûngelok hawn en roun sûnt op krukken. Wy wennen yn Boelensloane. Hy kocht in stik groun mei in hûs, dêr't in greate skuorre oan fêst siet. Der wie doe yn dy tiid noch gjin tsjerke yn 'e Boelensloane. Mar doe wienen der lju, die woenen dêr in doomny preekje litte. Dêr wie heit ek in great foarstander fan. En doe waerd der...
nl.verhalenbank.37909
Yn in boereskuorre wienen froeger altyd houten pinnen troch 't groubynt hinne, op 'e plakken, dêr't de stile der troch sit. Dy pinnen stykje dêr in tûme trije bûten.
Doe't ik us oan in âld timmerman yn Boarnburgum frege, hwerom dat sa wie, sei er: "Hantsje mat hâldfêst ha."(Hantsje is de duvel)
nl.verhalenbank.23996
Wy wienen us op 'e Grinzer klaei oan 't wjudden. Wy slepten nachts yn in boereskuorre. Froeger wie der in lûk by de boereplaetsen boven yn 'e souder. Doe foel der us ien troch 't lûk hinne. Dy wie opslach dea.
Sûnt woarden dêr nachts de skuorredoarren altyd iepen dien sûnder dat der ien to sjen wie. Dat gebeurde om sa'n tolve ûre hinne. Dat mat dyselde...
nl.verhalenbank.24595
De oaijefaer bitellet hier foar it nêst op skuorre of peal. Dat giet altyd troch.
It earste jier jowt er in fear. De iene oaijefaer skuort de oare ien fan 'e moaiste fearren út 'e hûd en goait dy del.
Yn it twadde jier smite se in aei nei ûnderen. It oare aei wurdt útbret.
Yn 't tredde jier mat ien fan 'e jonge oaijefaers it ûntjilde. Dy komt dan mei...
nl.verhalenbank.19373
Wy rieden froeger wol yn Grins troch de Poddepoel. Dêr wie in skuorre, dêr siet in gat yn. Sy seinen, dat gat koe noait ticht. 't Gong altyd fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.25059
Yn Uthuzen (Gr.) wie in spoekskuorre. Dy neamden se de skuorre mei de wite doar. Us heit en dy ha der wol west to sliepen as se dêr op 'e bou wienen. De lju dy't dêr slepten moasten altyd sà fier fan dy doar ôfbliuwe. Dêrom hienen se dy doar wyt ferve. As der guon opnij kommen to sliepen woarden dy altyd warskôge foar de rûmte by dy doar, dêr't net ien...
nl.verhalenbank.19705
Der wie in boer, dy biwenne in hiele âlde rottrige pleats, in rottekleaster. De pleats wie o sa min. Mar hy koe noait in nijen ien bitelje, hwant it wie earmoed by him. Hy skripte nachts en deis troch, om toch noch de kâns to hawwen in nije pleats sette to litten, mar hy bidijde neat.
Doe kom der op in kear in man by him, dy sei: "Yn ien nacht bou ik foar...
nl.verhalenbank.19738
Yn dyselde skuorre gebeurde it earder us dat der in hiele protte minsken yn slepten. Dat kom trochdat der minsken by wienen, dy hienen har bern meinom.
Der woarde doe ek al warskôge: "Tink der om, net by de wite doar sliepe!"
Mar der wie ek in âld minske by de sliepers, dy wie mei de helm geboaren. Dy sei: "'t Hindert neat, ik let wol op." Dat doe kommen...
nl.verhalenbank.19706
Der wie ris in boer, dy kom de moarns fan bêd ôf, doe stie der in wein fol mei dong op 'e nael fan 'e skuorre by him.
De boer hie soks noch noait meimakke en sei: "As de duvel him der op set hat, dan hellet dy him der ek mar wer ôf, hwant ik kin it net."
De oare deis stie de wein mei dong kreas op 'e groun.
"Sjoch jo wol," sei de boer, "de duvel hat him...
nl.verhalenbank.27429
By de Houtigehaechster wyk (= Skoallewyk) wenne âlde Karst. Dêr hat in jongfaem har al ris ophong. Yn 'e skuorre. Sûnt dy tiid spûke it dêr. Wy doarsten dêr jouns net lâns.
nl.verhalenbank.24685
Tinalinge is in soarte fan gehucht yn Grinslân. It leit tichte by Mensingeweer. Dêr stie in boerepleats. Dêr tsjinne in sawntich jier lyn in faem, dy hie in wyld hier yn 'e nekke. Hja koe noait in fatsoenlike feint krije omdat se sa bluistrich wie en sa wyld en alles der mar útflapte hwat har foar de mûle kaem.
Op in kear doe wie 't kermis. Dêr woe se...
nl.verhalenbank.19844
't Wie op in jountiid, sy sieten by de boer yn 'e hûs.
Doe kom der in âld frou by de doar. Sy woarde der ynlitten, sy woe dêr dy nachts graech sliepe.
Hja siet tusken de oaren yn en as se it wurd nom, tocht de boer by himsels: "Dû hast in manljuslûd." Wylst hja dêr sa meimankoar sieten kom der in soldaet mei in hynder oan. Hy sei tsjin 'e boer: "Kin ik...
nl.verhalenbank.23515
Giet men de Omloop del nei Surhústerfean ta dan komt men it spultsje fan Japik Kikkert foarby. Dêr stie nachts altyd de Skûrdoar iepen. Dy koe net ticht, hwant it spoeke dêr.
Dêr hie in frommes har ophong.
nl.verhalenbank.25400
Yn 'e Houtigehage snieën se froeger rusken. Dêr makken se matten fan. Dy woarden dan wer útsutele. It wienen de jonges meastal dy't yn 'e nacht dy rusken ôfsnieën.
De heit hie it deis drok en moest nachts syn rêst ha. It wienen greate jonges, dy't it dienen. Op in nacht kommen dy jonges thús en seinen: "Wy doarre net mear. Der komme sokke rare lûden út in...
nl.verhalenbank.23517
Us beppe (in Grinslânse) fortelde: Op it Westersân by Oldekerk yn Grinslân wennen trije âldfammen. Dat wienen tsjoensters. Sy woenen alle trije wol graech in man ha, mar sy krigen noait oansyk. Dat kaem omdat se de frije kúnst útoefenen.
Der wienen trije gereformearde âlderlingen, dy woenen wolris wite, hoefolle dêr fan oan wie; fan dy duvelskunsten. Dy...
nl.verhalenbank.19700