Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De bonken yn 'e bientsjekou.
Der wenne ergens in jongfeint, dy wie net gau bang. Hy wedde mei it jongfolk, hy soe op dy en dy joun let nei 't tsjerkhôf en in deabonke út 'e bientsjekou helje. Dat wie dus ôfpraet.
Mar de koster, dy't der fan ôfwiste, forskûle him achter de bonken. Hy hie in wyt lekken om him hinne dien.
De jonge pakte in bonke. Doe sei de...
nl.verhalenbank.20827
Doe't Hindrik Holthuis noch feint wie, wie 't in los man.
Op in kear kom er fan 'e Ham. Hy hie in buorrel op en dan stie er nergens foar.
Tseard van Dekken wie doe stille plysje. Tseard en Mekke Anne seinen doe tsjin elkoar: "Wy wolle Hindrik us goed binaud ha."
Sy gongen oer de Skeanpaden fan de Ham nei Hamsherne. Dêr seagen se dat se in wyt lekken...
nl.verhalenbank.21131
Hindrik Holthuis en Rindert Alma, doe't dat noch feinten wienen, woenen se de lju ris bang meitsje. Mar sy wisten neat fan elkoar ôf; 't wie allegear tafal.
Hindrik die in lekken om en Rindert die ek in wyt lekken om.
Fan 't Bouwekleaster rint der in paed skean de lânnen troch nei Readskuorre. Dêr wie in houtsje, dêr moesten de minsken oer. Hindrik wie...
nl.verhalenbank.32997
Der wie in man, dy wie skuonmakker fan birop. Dy wie nergens bang foar. Dat wie algemien bikend.
It jongfolk tocht: Wy moesten him oars al ris in kear bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarre jo wol in nacht yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?"
"Jawol," sei de skuonmakker, "hwerom net?"
Sy bipaelden in datum en dy jouns gong de skuonmakker mei syn...
nl.verhalenbank.25794
Lou van der Woude ried mei âlde dûmny Kimp fan de Ham yn 't rydtúch. Dûmny hie to preekjen west.
Bauke Schievink roan 't Langpaed del, dat fan Surhuzum nei Readskuorre giet. Dêr kom de kweade him op side. Dy bleau by him oan it Kleasterbreed ta en liet him hyltyd de tosken sjen.
Dûmny en Lou kommen dêr lâns. Dûmny sei tsjin Lou: "Schievink hat dêr ek in...
nl.verhalenbank.17533
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre.
In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
Rindert hie forkearing yn Stiensgea. Hindrik Holthuis woe us in grap mei him úthelje. Hy stelde him fordekt op yn in hage mei in ding om him hinne. Sa wachte hy Rindert ôf as dy by de faem weikom. Doe wie 't al ier yn 'e moarn. Mar net sa gau hie Rindert him yn 'e gaten krigen of hy sprong boppe op him en raesde: "Bistû de duvel, dan bin ik dyn moer!"
Dat...
nl.verhalenbank.23954
Antsje Pluk wenne yn 'e Harkema. It wie in tsjoenster. As bern wienen wy bang foar har. Wy mienden dat se yn 'e rogge tahâldde en dat se dêr blauwe blomkes - spoekeblommen - yn forboude om ús to lokjen. Sy kom dan ûnforwacht tofoarskyn om de bern to pakken.
nl.verhalenbank.23942
Wy wennen op 'e ein fan 'e Krúswei en hienen froeger in molkrit. Wy moesten de bussen nei dikke Marten bringe, dat wie de fierste. Mar dan moesten wy by Freark lâns. Dêr gongen wy fan 'e wein.
Dat gebeurde op in kear, doe woarde it hynder kjel. It sprong oan kant. Wy woarden kjel, mar Freark bleau bidaerd. Hy sei: "Dat ha 'k wol faker bileefd. Salang as...
nl.verhalenbank.23953
Der wie ris in faem, dy tsjinne by de boer. Dêr wie ek in soan yn 'e hûs.
Op in joun sil se mei de soan to ôfljochtsjen. Hja hat in kears yn 'e hân. Dan komt der in wynpûster oan en de kears giet út.
De faem jowt in gjalp, mar de feint laket har út.
Dy faem hie forkearing hawn mei ien, dy wie stoarn, dy lei op 't tsjerkhôf.
Hwat bistû in bangskiter, seit...
nl.verhalenbank.28812
Myn omke Piter wie ris op in kear to hôfkesjongen (=apelstellen) op 't Bouwekleaster. Der wienen kameraden by him en sy hienen ek in pear hounen by har.
Doe gong omke Piter nei in parrebeam ta by in boer yn 't hôf.
Mar doe wie dy parrebeam samar út himsels bigong to skodzjen, sûnder dat ien der oan kom, en de parren foelen der allegear ôf. Dat wie it wurk...
nl.verhalenbank.25767
Yn 'e Like stiet in slot, dat ha de Moaren dêr boud. Letter is dat yn hannen kom fan rikelju. Dêr wienen ek ûnderierdske gongen by. En sy hienen ek in skatkeamer.
De faem moest wolris nei dy skatkeamer ta om 't spul dêr skjin to meitsjen. Dan biseach se 't spul altyd. Der wienen allerhande kostbere sieraden yn en sa.
It famke fan dy rike minsken gong...
nl.verhalenbank.25788
Der wenne oan 'e Skeanpaden by de Ham in boer, dy hie in lytsfeint. Dy sei, dat er foar gjin duvel bang wie. De boer sei tsjin 'e greatfeint: "Wy sille him dat opskeppen ôfleare." Doe stjûrde er op in joun de lytsfeint nei de buorren ta om in boadskip. It wie tsjuster. It paed roan oer in houtsje. Tsjin 'e greatfeint sei er: "Gean dû nou nei it houtsje ta...
nl.verhalenbank.12480