Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn wiif har folk seagen froeger allegear wylde lantearnen op 'e Folgersterloane. 't Wie in rige ljochtsjes achterelkoar. "Sjochris," sei skoanmem, "sa'n weinen achterelkoar." Dat woarde letter de tram fan Drachten nei Grins.
nl.verhalenbank.17652
Myn skoanmem kaem ris op in kear rinnendewei fan 't Surhústerfean. Hja moest werom nei de Skieding ta. Doe skatteren der hyltyd eksters om har hinne. Hja tocht: dit bitsjut hwat. Der is thús grif hwat to rêdden.
Doe bigoun se hurder to rinnen. Doe hienen de jonges it bêd yn 'e brân stutsen.
nl.verhalenbank.37841
Skoanmem wie ris in kear by Arend Bron ûnder Oerterp. Dat wie noch hwat famylje. Wylst mem dêr wie, gong de doar trije kear iepen, sûnder dat der ien wie. Mem die de doar hyltyd wer ticht. De trêdde kear sei se: "Duvel, nou silst ticht bliuwe!"
Doe't se 't wurd 'duvel' brûkt hie, bleau de doar ticht.
nl.verhalenbank.37857