Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn wiif har folk wenne achter de âld Staetsskoalle yn Broek. Op in kear doe kom har broer de jouns thús. Hy sei: "Hwat wurdt der timmere yn 'e âld-skoalle." Dat wie foartjirmerij. "Harkje ris", sei er, en doe hearden de oaren it ek.
De hiele skoalle is koarte tiid dêrnei fornijd.
nl.verhalenbank.28429
Op in joun kaem ik út 'e jounskoalle. Ik wie in jonge fan in jier of tolve. Ik moest de reed del nei 't Wyldpaed ta.
Dy skoalle dat wie in hiel ein fan hûs ôf.
Ik wie midden op 'e reed. Der wie in daem yn 'e dyk.
Ik moest dy daem foarby. Yn dy daem sjitte hwat yn 'e dyk om. 't Wie sa piktsjuster, dat ik koe neat sjen.
Doe kaem it by my. It kaem deun oan...
nl.verhalenbank.38630
Us pake, dat wie Sjoerd Skonk. 't Wie Sjoerd Visser, mar se neamden him sa omdat er in stive skonk hie. Hy wenne op 'e heide. Doe gebeurde it, dat pake siik woarde.
Hy lei op bêd. Dêr wienen trije greate jonges yn 'e hûs en ien greate dochter, allegear gewante, soune bern.
Der waerd ornearre, pake soe wol bitsjoend wêze. Beppe toarnde it kessen iepen. 't...
nl.verhalenbank.38647