Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De fersonken stêd Warten
En spoarleas gyng it nei de grûn
Mei minske, hûs en toer;
En neat fan alles is der bleaun,
Sa stiet yn d'âld kronyk beskreaun;
No streamt er't wetter oer.
Sikke Koldyk
'Ik ha oars net heard, as dy fersonken stêd lei yn 't Wartenster Wiid. Se sizze ek altiten: as it hiel moai waar is en tige, tige stil, dan kin men de âlde...
nl.verhalenbank.13718
It skip mei sielen
By âlds seinen se fan ien dy't ferstoarn wie: 'Dy sil op it westerein oankomme'. Dat ha 'k fan beppe. Mar de siel fan ien dy't altyd kwea west hat, seinen wy dan foarhinne, dy sil swevende bliuwe, dy komt net te plak. En beppe hie it dan ek wol oer dy skipper dy't altyd mei syn skipfol sielen omfarre moast.
Dat wie in skipper, dy hie in...
nl.verhalenbank.12162
De Langesleattemer man op gyk of roer
'Der waard by ús wol ris sein: By dy en dy, de skipper waard mei de namme neamd, hat de Langsleattemer man op 'e gyk, of in oare kear: op it roer, sitten. Dat is net sa bêst, it sil wol net sa lang mear duorje! It wie in ûnheilsteken, meastal in oankundiging dat der in deade op it skip komme soe. Mar it hoegde net...
nl.verhalenbank.13697
By de Wissedwinger to Ljouwert wie 't Spoekesteechje.
Dêr doogde it net, seinen se.
Yn 't Spoekesteechje stie in snobberswinkeltsje. Dêr kochten wy as bern wolris snobbersguod foar in sint. Yn dat winkeltsje wenne Oud-moedertje. Dat wie in tsjoenster, seinen se.
Dy fortelde 't forhael fan in berntsje - in neaken berntsje, dat by in skipper by it roer...
nl.verhalenbank.33584
De Langesleatter man moat in frijer keare
'Der is ek in ferhaal oer in skippersdochter, dy hie ferkearing mei in boerefeint en dat woe de skipper net lije. Dy jonge mocht net oan board komme. En doe op in kear moat de skipper dêr yn 'e Langesleat oan 'e wâl fallen wêze en de jûns moast er nci de buorren foar it ien of 't oar,en doe rôp er de Langesleatter...
nl.verhalenbank.13709
It spoek makket mear slachtoffers
'Dan ha jo dy faam, dy't de duvel efternei rûn of teminsten de Langesleatter man, omdat se sjen woe, wat der wie. Har heit, dy skipper, wie nei Earnewâld of nei Warten en doe waard der iderkearen op it rutsje tikke. Doe soe se sjen, wat der wie. De iene seit, de planke wie ôflutsen en de oare seit, sy is by de planke del...
nl.verhalenbank.13669
Skip of pream fêsthâlden yn 'e Langemear
'By de Langemear hie men ek wol spoekerij ûnder wetter. Dan kloeten se en dan koenen se net fan 't stee komme. Dan leauden se, dat it spul fan ûnderen fêsthâlden waard en dat hjitten de wettergeasten of sokssawat te dwaan. It wie de baas, dat se mar foar de wâl lizzen gongen en har útsliepten.
Soms waard der tige...
nl.verhalenbank.13723
Neaken berntsje hâldt it swurd fêst
'It binne allegear fan itselde soarte ferhalen. As men se neigiet, komme se op itselde del. Se geane ocr skippers dy't dêr en dêr lâns farre. De iene seit fan op 'e Langemear en de oare neamt wer in oer wetter. Dan is der in neaken berntsje en dat sit no ris by de iene skipper op 't roer en dan by de oare. Dat berntsje...
nl.verhalenbank.13722
Hjir yn Ljouwert wenne in man yn in molkwinkeltsje, flak by 't kantongerjocht. Dy man rekke siik. Ik wie doe skipper.
De dokter kaem by dat mantsje. Dy skreau him seis wiken rêst foar. Dat mocht dat mantsje noait barre. Hwant it fortsjinst stie al dy seis wiken stil. Noppert hiet dat mantsje.
Hy klage my syn need. "Dit kin noait", sei er.
"Feenstra," sei...
nl.verhalenbank.28626
It spoek en de silerij
'De Man naam soms de wyn wei, of de gyk siet fêst' (D.S.)
'Beppe hat ek wol ferteld, dat it spoek de wyn út it seil wei naam. Hy liet de wyn stillizze. De skipper foer earst tige en dan ynienen lei er stil, dan wie de wyn út it seil. Dat die dat spoek. En soms koenen se de gyk net hinne en wer krije, dy bleau stiif, en dat die it...
nl.verhalenbank.13707
Blaujakje
It Spoekersset dat is it ferhaal fan dy man dy't foar de twadde kear troude. Sjoch, dat wiif mei it blauwe jak, dat spoeket dêr altyd om, fan 'e Tútse ôf oan Grou ta. Dat komt, sy hat dat bern fermoarde.
De man sil wol in fisker west ha, want dêr wie altyd in fiskerij; dat Spoekersset wie by âlds in tichtset. Dat wie sa op 'e Tútse, letter is...
nl.verhalenbank.12168
De smid bedjert it drinkwetter yn 't wetterfetsje
'Hy die alles om it skip mar te ferbaljen. Hy goaide de spitten op 'e lûken, skuorde de planke fan 't skip en soms goaide er sels de lûken yn 'e feart. Mar hy die ek noch wat oars. Dat waard by ús ferteld troch in skipper. Ja mar, sei er, jo moatte echt oppasse, dat jo it wetterfetsje ôf slute, want hy...
nl.verhalenbank.13705
It spoek makket mear slachtoffers
No is 't geloof dêr jitte grutter
Oan't spoeksel fan de nacht,
En ivich hâldt jit by dy sleat om
Dy âlde smid dêr wacht.
Eeltsje Halbertsma
'Net allinnich dat de smid fan Earnewâld de planke fan it skip skuorde, mar hy lei him ek faak wif. Dêr moast men tige mei oppasse. Dan lei er de planke sa, dat as men der op...
nl.verhalenbank.13665
De smid spoeket om oare misdieden
'Dan wienen der ek wer ferhalen, dat dy smid gedoente mei in faam ha woe en dat hja net woe of dat se net mocht. Doe hat er op in tsjustere jûn wraak nommen troch har der út te lokjen en yn 'e feart falle te litten. En sa is se ferdrouken'.
Dat wie dan in skippersdochter. En no ha ik foar in skoftke heard, fan in frou...
nl.verhalenbank.13661
Reade Atse
As wy as trije âlde skippers sa byinoar sitte, dan ha wy it wol ris oer Reade Atse. Fan ús âlders ha wy al oer him heard. Hy koe ûntsettende hurd ride. Hy soop ôfgryslik. Dan lei er soms de hiele nacht dronken op 't iis en de oare deis stie er likegoed wer yn 'e baan en dan wûn er de priis ek noch. Sa ha se him al ris yn 'e snie fûn, en doe...
nl.verhalenbank.13028