Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
27 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: schip Place of Narration: Leeuwarden
De bûlhûnen 'As wy hjir of dêr mei it skip foar de wâl lizzen gean woenen en der wie in plak dêr't it wetter in ynham yn 'e wâl slein hie, dat men net maklik fan 't skip komme koe, dan sei heit wol: Hjir moatte wy net wêze, hjir ha de bûlhûnen oan it wrotten west. Yn sompich lân of yn driuwsompen kinne fan dy rûne gatten sitte. It hiet by ús, dat de...
nl.verhalenbank.13726
De fersonken stêd Warten En spoarleas gyng it nei de grûn Mei minske, hûs en toer; En neat fan alles is der bleaun, Sa stiet yn d'âld kronyk beskreaun; No streamt er't wetter oer. Sikke Koldyk 'Ik ha oars net heard, as dy fersonken stêd lei yn 't Wartenster Wiid. Se sizze ek altiten: as it hiel moai waar is en tige, tige stil, dan kin men de âlde...
nl.verhalenbank.13718
It skip mei sielen By âlds seinen se fan ien dy't ferstoarn wie: 'Dy sil op it westerein oankomme'. Dat ha 'k fan beppe. Mar de siel fan ien dy't altyd kwea west hat, seinen wy dan foarhinne, dy sil swevende bliuwe, dy komt net te plak. En beppe hie it dan ek wol oer dy skipper dy't altyd mei syn skipfol sielen omfarre moast. Dat wie in skipper, dy hie in...
nl.verhalenbank.12162
De Langesleattemer man op gyk of roer 'Der waard by ús wol ris sein: By dy en dy, de skipper waard mei de namme neamd, hat de Langsleattemer man op 'e gyk, of in oare kear: op it roer, sitten. Dat is net sa bêst, it sil wol net sa lang mear duorje! It wie in ûnheilsteken, meastal in oankundiging dat der in deade op it skip komme soe. Mar it hoegde net...
nl.verhalenbank.13697
By de Wissedwinger to Ljouwert wie 't Spoekesteechje. Dêr doogde it net, seinen se. Yn 't Spoekesteechje stie in snobberswinkeltsje. Dêr kochten wy as bern wolris snobbersguod foar in sint. Yn dat winkeltsje wenne Oud-moedertje. Dat wie in tsjoenster, seinen se. Dy fortelde 't forhael fan in berntsje - in neaken berntsje, dat by in skipper by it roer...
nl.verhalenbank.33584
It spoek en de silerij 'Der waard ek ferteld, dat it skip sûnder oanwiisbere oarsaak sa mar mei de kop yn 'e wâl rûn, of dat de smid it skip op 'e side treau of dat it roer omskuord waard. De skippers moasten foaral op har iepenst wêze op it momint dat in reinbôge mei ien poat op it lân stie, want as de smid dan tichteby wie, koe er twa dingen dwaan— hy...
nl.verhalenbank.13708
De Langesleatter man moat in frijer keare 'Der is ek in ferhaal oer in skippersdochter, dy hie ferkearing mei in boerefeint en dat woe de skipper net lije. Dy jonge mocht net oan board komme. En doe op in kear moat de skipper dêr yn 'e Langesleat oan 'e wâl fallen wêze en de jûns moast er nci de buorren foar it ien of 't oar,en doe rôp er de Langesleatter...
nl.verhalenbank.13709
De Man en syn basis 'Yn dy hiele omkriten fan Earnewâld en Warten koe it barre, dat men mei de smid te meitsjen krige. Dat kaam trochdat er net wist, wêr't syn skat bedobbe wie. Dus oeral wêr't er op sa'n stuit tochte, dat er sykje moast, koe er in skip de wâl ynstjoere of tsjinhâlde of hurder farre litte' (S. de B.).
nl.verhalenbank.13655
De smid en de skat by Earnewâld 'Troch heit en omme Freark waard gauris oer dy smid praat. De smid fan Earnewâld is ferflokt, omdat er by syn libben in goddelike skat út in kleaster stellen hat. Hy hat dy bedobbe oan 'e kant fan in feart dêr't op dat stuit de iene foet fan in reinbôge stie. Hy is no noch altyd op in paad om dy skat werom te finen, mar de...
nl.verhalenbank.13657
Heit en seun Om túelve, trettienhúnderd hanne, hiene de monniken fan Klaarkamp op it eilaun in úthaf. Der wie bieurkeree1 by en der wene dan aik in bieur. Op in keer reizige dy bieur mooi in beest nooi de fastewaal—dat kúe da nach ronende, op blaite fotten—om it dier to fekaipjen. Hy wie op 'e wieromreis en da seich2 er, dat it hele bieurespil yn 'e braun...
nl.verhalenbank.12987
Skip of pream fêsthâlden yn 'e Langemear 'By de Langemear hie men ek wol spoekerij ûnder wetter. Dan kloeten se en dan koenen se net fan 't stee komme. Dan leauden se, dat it spul fan ûnderen fêsthâlden waard en dat hjitten de wettergeasten of sokssawat te dwaan. It wie de baas, dat se mar foar de wâl lizzen gongen en har útsliepten. Soms waard der tige...
nl.verhalenbank.13723
Neaken berntsje hâldt it swurd fêst 'It binne allegear fan itselde soarte ferhalen. As men se neigiet, komme se op itselde del. Se geane ocr skippers dy't dêr en dêr lâns farre. De iene seit fan op 'e Langemear en de oare neamt wer in oer wetter. Dan is der in neaken berntsje en dat sit no ris by de iene skipper op 't roer en dan by de oare. Dat berntsje...
nl.verhalenbank.13722
De turfgraver en it reidmantsje Yn 'e sompen om Earnewâld hinne libben ek reidmantsjes. Doe't de turfmakkers hyltyd mear fean útbaggelen, moasten se al mar fierder tobek de wyldlannen yn. Sadwaende hawwe de reidmantsjes in like greate hekel oan 'e turfgravers as oan 'e reidsnijers en bisykje se altyd om har it libben sûr to meitsjen. Tusken de feangatten...
nl.verhalenbank.128336
It spoek as berneskrik 'As wy dêr yn 'e buert leinen mei it skip en wy woenen as bern jûns de dyk noch op, dan waard der faak sein: Tink der om, thús wêze foardat it skimerich wurdt, want oars komme jim de smid fan Earnewâld tsjin' (S. de B.).
nl.verhalenbank.13713
De boaiem fan it farwetter omheech 'Der waard ek wol ris sein, dat op it stuit dat men der mei it skip oan farren kaam. de boom fan 'e feart ynienen omheech riisde en dat it skip fêstrûn en net fierder koe. Miskien hat der wol ris in skipper op in grutte reidpôle of sa sitten, mar yn alle gefallen, it hiet, dat de smid fan Earnewâld de boom fan'e feart...
nl.verhalenbank.13706
It spoek lûkt of skoot mei 'De Langesleatter man hâlde net allinne in skip tsjin, mar hy koe ek ynienen fûl meilûke, wannear't der ien yn'e line rûn. Dan stienen se allegear ferstomd, want wylst se it skip sels foartiid lûke moasten, fleach it dan samar einen foarút—sûnder dat se loeken. Sjoch, dat die it spoek dan, mar se koenen it noait sjen' (A.B.-S.).
nl.verhalenbank.13699
[p. 235] De turfgraver en it reidmantsje Yn 'e sompen om Earnewâld hinne libben ek reidmantsjes. Doe't de turfmakkers hyltyd mear fean útbaggelen moasten se al mar fierder tobek de wyldlannen yn. Sadwaende hawwe de reidmantsjes in like greate hekel oan 'e turfgravers as oan 'e reidsnijers en bisykje se altyd om har it libben sûr to meitsjen. Tusken de...
nl.verhalenbank.128335
Klopgeasten ûnder wetter 'As der in skip of pream yn 'e Langesleat fêsthâlden waard, dan koenen se gjin kant mear út en dan moasten se dêr wol foar de wâl gean. En dan waard der, wylst se dêr leinen, wol fan ûnderen tsjin 'e boaiem fan it skip of de pream kloppe. Dat sei beppe dan wol. Dat dienen de geasten ûnder wetter. It wie in warskouwing hjir of dêr...
nl.verhalenbank.13710
De smid bedjert it drinkwetter yn 't wetterfetsje 'Hy die alles om it skip mar te ferbaljen. Hy goaide de spitten op 'e lûken, skuorde de planke fan 't skip en soms goaide er sels de lûken yn 'e feart. Mar hy die ek noch wat oars. Dat waard by ús ferteld troch in skipper. Ja mar, sei er, jo moatte echt oppasse, dat jo it wetterfetsje ôf slute, want hy...
nl.verhalenbank.13705
Klopgeasten ûnder wetter 'Dat begûn meastal hiel súntsjes, it klopjen tsjin't skip, fan ûnderen ôf, of tsjin 'e sydkant, of op 'e lûken. Ik wit noch, dat wy it sels heard ha en dat heit sei: No, foardat it slimmer wurdt, litte we it skippe mar ferhelje! En doe binne wy nei de oare kant fan 'e feart gongen. Ik haw it der letter wol ris mei heit oer hân. Hy...
nl.verhalenbank.13711
1