Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Antsje de Bruine wenne yn 'e Houtigehage. 't Minske hie 't o sa krap. Sy gong froeger in protte to naeijen. Op in nacht hie se thús sitten to naeijen by in ljochtsje. Doe hie der hwat by de doar west.
De doar gong iepen en der kom ien yn. It wie in geest. 't Wie de geest fan har muoike, dy't al dea wie. Kingemoai, sei se tjin har.
"Hwat is der oan,...
nl.verhalenbank.24675
Men mat noait hwat oan in stjerrende bilove, hwant it kin us wêze, dat men it net folbringe kin. Dan komt de deade werom en kriget men der lêst fan.
De deade hat dan gjin rêst.
nl.verhalenbank.23018
Berntsjes dy't gjin deaklean meikrigen ha, spûkje ek. Dy kinne de rêst net krije. Yn 'e Boelensloane wienen sokke berntsjes. Dy wienen neaken. Guon ha har sjoen.
nl.verhalenbank.37926
Der wienen in man en in frou, dy hienen seis bern.
It minske woarde siik en der kom in oare frou oer de flier dy't it wurk die. Dat wie in flink minske dy't goed op 'e frou paste. Mar al har goeije help mocht net bate. De frou stoar oan 'e sykte.
Sy hie bigeard, dat it minske, dat har forsoarge hie, dat moest har klean ha.
Mar dat die dy man net. Hy joech...
nl.verhalenbank.24556
Der wie in feint, dat wie noch famylje fan my. Dy hie forkearing mei in faem, dy wenne op 'e Trije Roede.
Hy hie dêr op in joune west, doe hied er sein: "Sjoch, dêr giet noch ien hinne." 't Like hiel fremd. It sweefde mear as dat it roan.
Hy sei tsjin 't fanke: "Hwat is dat? Dy giet nei jimmes ta."
"Ja," sei se, "dat is ús mem." (Hja wie al in skoft dea)....
nl.verhalenbank.25165
Yn Twizelerheide wenne in widdou. Dy hie twa berntsjes hawn en der waerd wol sein, dat hja dy beide berntsjes sels fan kant makke hie.
Alle jounen tusken skimer en tsjuster kom dy man mei de berntsjes der oan. Dy koenen de rêst net fine.
nl.verhalenbank.19324
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje."
Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef.
Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
nl.verhalenbank.23719
Achter Ljouwert yn in doarp stie in lyts plaetske. De minsken dy't dêr earst wenne hienen, matte dêr twa bern sa bistoppe ha, sûnder deadshimdsjes oan. Letter kommen dêr oare minsken to wenjen. Dat wienen gelovige lju. Beppe wenne der ek by yn. Sy hienen ek in lyts famke, dat wie in protte by beppe.
Op in kear, doe't beppe in mennich turven út 'e skuorre...
nl.verhalenbank.19626