Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in boer dy hie slim forlet fan jild. Doe kom er mei de duvel oerien, dy soe him de lears fol jild smite, as er dy oan 'e hoannebalke yn 'e skuorre hong. Yn ruil dêrfoar soed er him letter ophelje.
De boer hong in lears oan in hoannebalke, mar sloech earst de soale der ûnderwei.
Doe bigong de duvel mei jild to smiten. Mar alle jild sakke troch de...
nl.verhalenbank.33040
Der wie in man, dy hie jild liend fan 'e duvel. Letter soe de duvel him ophelje. Doe't it safier wie en de duvel kom, sei de man tsjin him: "Wolle jo salang tiid dwaen, dat ik earst de galgen oan ha?"
"Jawol", sei de duvel.
"Dan draech ik noait wer galgen", sei de man.
Doe koe de duvel fuortgean sûnder bút. Tonei hie de man altyd de broek op 'e slomp.
nl.verhalenbank.33043
Alle Sakes wie krekt sa'n man as Japik Ingberts. Hy hat yn Aldegea wenne. Hy wie in tige forneamde dief. Heit hat him wol kend. Hy gong wol us mei de bijen nei de heide fan Duerswâld en Bakkefean ta to bijkjen.
Op in kear gong er wer fuort mei in weinfol bijen. Doe't er oan 'e Kletten ta wie (ûnder Drachten), doe koe syn âld hynderke it net mear dwaen....
nl.verhalenbank.25057
't Wie yn 'e Dútse tiid. Doe wie der in kastelein, dy hie in papegaei. De jonges hienen dy papegaei leard, dat, hwannear't der in Dútser ynkom, dan sei er altyd: "Ontplof, rotmof."
De overste fan 'e Dútsers, dy hearde dat en sei: "As dit net ophâldt, gean jo de bak yn." Dat sei er tsjin 'e kastlein.
De kastlein seach even raer, hwant hy woe syn papegaei...
nl.verhalenbank.32888
Wy hawwe us by Hinke Kaert west yn Nijebrêge. Dat wie in kaertlizter. Wy wienen mei ús fjouweren, twa pearkes. Mar wy woenen har tofiter ha. Ik wie by de faem fan myn kammeraet en myn kammeraet wie by myn faem.
Sa gongen wy dêr by har yn 'e hûs sitten.
Hinke sei al gau: "Jimme sitte net goed. Elk heart op syn plak. Jimme kinne my net forrifelje."
"Jo...
nl.verhalenbank.23512