Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: rondspoken Place of Narration: Kootstertille
By de Bosk yn 'e Harkema roannen twa neakene bern. Der woarde altyd foar warskôge, dêr moest men net lâns gean. Dy bern wienen dêr formoarde, wie 't sizzen altyd. Dy wienen hjir of dêr bistoppe. Dy koenen de rêst net krije.
nl.verhalenbank.22312
As wy froeger yn 'e Westerein útfanhûs wienen, seinen se: "Tink der om, dêr en dêr dat paedtsje net lâns komme, hwant dan komt der jim in famke tsjin mei in read skelkje foar." Dat fanke wie fordronken en spûke dêr letter om.
nl.verhalenbank.32669
Doe't myn beide twillinkjes, dy't dea geboaren wienen, biierdige wienen, doe sei skoanmem: "Ha se wol kleantsjes meikrigen yn 't kistje? Hwant oars komme se skielk om 'e doarren hinne om klean."
nl.verhalenbank.29705
Op 'e Spûkloane yn Opperkoaten roan èk in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy kom ús achternei, seinen se, as wy net om 't lyk woenen.
nl.verhalenbank.32672
Yn Twizel, yn 't Waeigat - dat is tusken de suvelfabryk en de herberch 'De witte kannen' roan froeger in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. As wy as bern jouns let noch bûten wienen, seinen se tsjin ús: "Tink der om, hear, oars pakt de fôlle mei de brijpot jim."
nl.verhalenbank.32671
Hjir tichteby op Mûntsjetille wenne in frou, dat wie Feikje Postma. Dy wie troud mei Albert Alma. Hja is in pear wiken lyn stoarn. Op in joun sei se: "Ik haw in spoek sjoen. 't Is in frommes. Hja rint altyd oan myn hûs ta, fan 'e feart ôf. Ik sei tsjin Albert: - Ik wol har hjir net langer ha - Doe is Albert der út gong, achter it spoek oan. Wy ha 't...
nl.verhalenbank.22309
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske. Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del. Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea. Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
7