Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: rondspoken Place of Narration: Jistrum
Der wenne yn 't Wêst fan Bûtenpost in sekere Hart Boersma. Syn mem wenne by him yn. Metsje hiet se en syn frou hiet ek fan Metsje. De jonge frou bihandele 't âld minske tige min. En de man wie ek altyd like hounsk tsjin syn mem. Doe is 't âld-minske dêr weirekke en gauachtich dêrnei stoarn. Mar doe sweefde se by Hart en Metsje om 'e doarren. Altyd wie se...
nl.verhalenbank.22833
Yn Burgumerheide wenne in omke fan my, dy wie oantroud. Hy hie twa susters. De iene suster krige in poppe. Mar dy poppe is deagong. Hwer't se 't bern brocht hat is noait ien to witen kom. Mar it bern is sûnder kleantsjes oan yn 't graef rekke. Mar alle jounen kom der in lyts neaken bern yn 't slopke, (dat wie in gonkje yn 't achterhûs, tusken twa bêdden...
nl.verhalenbank.22832
Oan 't Spoekeloantsje to Jistrum is yndertiid in seinepoep formoarde. Dy spoeket dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.37201
By de Skilige Piip spûket in hear op in wyt hynder om
nl.verhalenbank.22817
Yn Jistrum roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24485
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gong nachts de hekke samar iepen. Dêr is ris ien formoarde woarn, en dyselde spûket dêr altyd noch om. Dêr gong de hekke foar iepen.
nl.verhalenbank.37200
Ik ha wol nei Grinslân west to flaechsteppen. Wy slepten op 'e souder by de boer yn 'e skuorre. 't Wie yn 'e buert fan Loppersum. Dêr tichteby stie in buorkerij, dêr roan nachts altyd in fôlle op 'e souder om. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.22756
Achter in boereplaets by de Kolk kom jouns altyd in famke. It bern wie neaken. De minsken dy't dêr wennen wienen mei 't gefal oan. Doe ha se de doomny der by helle. Dy spruts it bern oan. Dat bern wie fan kant makke woarn. Doe hienen se har yn 'e groun bistoppe en it hie gjin deaklean meikrigen. Op oanrieden fan de doomny ha se dêr doe deaklean dellein....
nl.verhalenbank.22755
35