Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: rondspoken Place of Narration: Burgum
It âlde Talma-hûs to Feanwâlden is in spookhûs. Dêr hat alear in notaris yn wenne, mynhear de Clerq. Myn omke (Albert-om) wie dêr húsfeint. Dy fortelde, dêr spûke altyd in frou, in dame, yn dat hûs om.
nl.verhalenbank.31017
Op 'e Spûkeloane to Jistrum roun nachts in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31196
Op it Lútsensloantsje to Garyp spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Ek op 'e Sibe Jantsjes-loane.
nl.verhalenbank.31966
To Jistrum hat men de Spûkloane. Dêr spûket in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31405
Yn Kûkherne spoeke in hynder by nacht. Deis wie it der net. Mar nachts dan hearden se it wrinzgjen.
nl.verhalenbank.31203
Oan 'e Langeastloane is 't Klaesboskje. Dêr hat ien him ris ophong. Sûnt hinget er altyd jouns oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.31404
Yn Burgumerheide is in poel, dy't net to bidjipjen is. Yn Burgumerheide is ris in bern fordronken. Letter ware dat bern dêr soms om. Guon ha dat sjoen.
nl.verhalenbank.31200
It deadshimd dat de deade oankrige, moest yn 'e es wêze. Paste it net to goed, dan kom de deade werom. Dan hie er gjin rêst yn 't grêf.
nl.verhalenbank.29675
Yn Eastemar, tusken Skûlenburch en de Sawn húskes dêr't nou sahwat de bensinetank stiet, roan froeger altyd in houn om mei in brijpot om 'e kop. 't Wie in houn mei hiel gleone egen, seinen se. Wy wienen der as bern stjerrend binaud foar.
nl.verhalenbank.21955
Yn Noardermar wenne âlde Iebeltsje. Dy hie in dochter, dy waerd kranksinnich. Doe liet hja dy dochter wenje yn in gat, dat se yn 't hea makke hienen, dêr koe se net wer út komme. Dêr krige se har iten en dêr die se har bihoeften. Klaske hiet se, mar se seinen Kajje tsjin har. Letter doochde it dêr net mear yn 'e skuorre. Doe spoeke Kajje dêr, dy't doe al...
nl.verhalenbank.31234
Tusken de Sawn Hûskes en de Skûlenburgster brêge spûke in houn mei in brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang mei makke. Op in joun moesten myn broer en ik as jonges ris in brief yn 'e bus bringe by de brêgedraeijer. Doe kaem dêr in ûnbikende swarte houn op ús ta. Wy binne fan bangens wer nei hûs gong.
nl.verhalenbank.31403
11