Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: rondspoken Place of Narration: Houtigehage
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske. De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat. Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
Op 'e Boelensloane stie in hulzeboskje. Dêr roan altyd in hountsje om mei in kuorke yn 'e bek. Dat spoeke dêr. 't Wie doe noch sânwei. Dêr wie elk bang foar. (is dit nu weer wat anders dan de hond met de pappot?) A.A.J.
nl.verhalenbank.24313
Froeger spoeke it op 'e Skeanpaden achter de Rottefalle. Dêr ha se yndertiid in berntsje formoarde. Dat berntsje spoeke dêr letter by 't houtsje.
nl.verhalenbank.25455
Hjir spoeken ek wol berntsjes om dy't gjin rêst founen nei de dea. Dy dounsen nachts om in skuorstile om.
nl.verhalenbank.24241
't Gebeurde froeger faek, dat, as der ien overleden wie dan koe dyselde net rêste. Hwant dan wie der noch hwat dat hie dyselde foar de dea biloofd mar dat hied er net mear dwaen kind, hwant hy wie earder overleden. Dan woarde de doomny der soms by helle. Dy makke it dan bikend en dan foldie men oan 'e bigearte fan 'e forstoarne. Dan spoeke dyselde net wer.
nl.verhalenbank.24240
Der waerd sein dat der nachts tusken Blaufallaet en Bûtenpost in frommes yn in regenkleed omspûke.
nl.verhalenbank.31115
Op 'e Boelensloane roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24654
1