Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ik ha wolris heard, dat hjir op 'e Tike nachts in greate swarte houn tahâldde, dy't by de minsken kom, mar dêr wyt ik it rjochte net fan.
nl.verhalenbank.32600
By de Heale Wei rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21867
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen.
Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
In de wijk Maaswijk, vlakbij het dorp Hekelingen, lag aan de Gaddijk een zwaar gehavend pand wat bij de inwoners van Spijkenisse bekend stond als “het spookhuis”. In 1998 vond er een gasexplosie plaats, waarbij de bewoner en zijn huisdieren zijn omgekomen. Sommige beweren er vreemde geluiden te hebben gehoord zoals het hinniken van een onzichtbaar paard....
nl.verhalenbank.49884
By 't spul fan Albert Bakker spoeke in swarte dame om. Hja hie forkearing hawn mei ien, dêr't har heit op tsjin wie. Hja wie weikwynd en sûnt spoeke hja dêr.
nl.verhalenbank.21866
Dyselde Feddema wenne oan 'e Tienewei ûnder Broeksterwâld. Op in joun doe wie er wer oan 't murdejeijen, dan kaem er by in boerepleats, dêr yn 'e buert. Doe stapte dêr in frommes om 'e pleats hinne. Hy tochte: hwat mat dy dêr nou noch sa let yn 'e nacht.
It makke him nijsgjirrich. Hy woe witte hwa't dat wie. Doe't er op in koarte distânsje der by wie,...
nl.verhalenbank.30028
Mar et heyt up een witte pål, dår wordt een man vermourded weasen um syn paerd. En dee sucht altyd noch um syn paerd. See kunnen hum süms trevven … dan had hee een Nedderlanske vlag um hum henne, mar een nöäs had hee neet. Mar y kun ouk trevven dat e in een wit laeken was, en dat löyp hee med een doudskup, doudshöyvd, up een skåle, löyp hee derumme. See,...
nl.verhalenbank.128363
Tichte by Warffum stie in greate boereplaets, in bouplaets mei greate skuorren. Yn dy skuorren slepten de minsken dy't simmerdeis by him arbeiden. Dat wienen ek minsken út 'e Westerein en út oare plakken lyk as Harkema ensa. In hiel protte hienen har nammen dêr yn 'e sketten kerfd mei in mes. Miskien binne dy dêr nòch wol. De boer fan dy plaets hiet fan...
nl.verhalenbank.32213
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, hat de beide adfokaten Lubbert en Olfert út 'e Sweach weihelle mei in wein en doe hat er se nei in stik lân brocht by de Krúswetters, dat de namme Advocatelân krige. Dy advokaten spûkje dêr noch altiten om. Mei de klomp makke Piter Poes in sirkel yn 't lân en spriek de ban oer de beide mannen út.
Hja koenen...
nl.verhalenbank.31901
Op it Lútsensloantsje to Garyp roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31519
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema wie in frou stoarn. Dy hie in bierkleed omkrige yn 'e kiste, dat hie to lang west.
Doe koe dat minske de rêst net fine. En doe kom se elke joun by de famylje en dan rôp se: "To lang! To lang!"
Doe ha dy lju doomny ophelle en dy hat har oansprutsen. Doe sei se, har bierkleed wie to lang, dêr moest in stik ôf.
Doe is dêr in...
nl.verhalenbank.22968
Doe't ús mem net mear op har sels wêze koe kom se by Schoppert op Wilhelmina-hoeve yn in keammerke ûnder Grinzer Pein. Dêr wie in minske yn dat keammerke forstoarn.
Op in kear fortelde mem my: "Dat minske dat hjir yn dit keammerke forstoarn is, hat by my west. Ik seach har stean en ik hâldde it gesicht op har. Hja hie sokke moaije klean oan."
"Wie mem net...
nl.verhalenbank.32825
Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane.
Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach...
nl.verhalenbank.29578
Oan 't Heideloantsje yn Twizelerheide hâldde froeger in wyt spoek ta. Elkenien dy't dêr lâns kaem, moest oan kant gean, oars waerd er troch dat wite spoek in ein fuort smiten.
nl.verhalenbank.20014
As ien dy't stoarn wie, in to lyts bierkleed oankrige, koe er de rêst net krije. Dan dwaelde er yn 'e nacht om en koe men him rounom tsjinkomme. As er jin de hân tastuts moest men dy fral net oannimme, net beet krije. Hwant dan rekke men jins hân kwyt. Men koe him wol hwat tarikke, in bûsdoek of sa.
Dit fortelden lju fan 'e Westerein elkoar as se op...
nl.verhalenbank.29959
Der wie in koopman, dat wie in joad. Dy handele yn linnen. Hy sei tsjin syn neibisteanden: "As ik kom to forstjerren, dan wol ik in bihoarlike rolle linnen mei yn 'e kiste ha." Der woed er mei bigroeven wurde. Doe't er dan stoar tocht de famylje, it wie eins bigreatlik, sa'n greate rolle linnen mei yn 'e kiste. Dat sy dienen it net, hy rekke sûnder linnen...
nl.verhalenbank.18158
Yn 'e Burgumerheide wie ek in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.30428
Uut de verhoale doarover bliekt, da vroeger de eerlijkheid diep ien de minse zat. Zij, die nie eerlijk ware, bijvoorbeeld minse, die hun schuld nie betoald hadde of geleend geld nie teruggegeve, krege gen rus ien ’t graf. En dan kwame ze er uut en wiere dör de minse gezien.
nl.verhalenbank.50243
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858