Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dêrtroch wienen de froulju sa bang foar him.
nl.verhalenbank.37962
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dat hat er faek genôch dien.
nl.verhalenbank.38430
Hjir yn Drachten wie us in faem, dy hat him útlake.
Doe hat er dy faem ûnder 't dânsjen bifalle litten.
It bern is har ûnder 'e rokken weifallen.
nl.verhalenbank.25590
Imke de Jong liet de minsken stean. Hy koe se ek útklaeije litte. Hy liet us in kear in jongfaem, dy't op 'e wei lâns gong, de klean samar ôffalle.
nl.verhalenbank.25810
Oerpake Jehannes, dêr't ik nei neamd bin, hat sjoen dat in frommes yn in readbaeijen ûnderrok op 'e biezem troch de loft fleach yn Mouneein. Dat wie him net út 'e holle wei to praten.
nl.verhalenbank.20930
Jehannes liet de froulju allegear de rokken ôfsakje. Doe't er dat op in kear wer die, ha se him fuortjage.
Jehannes wie great fan gestalte.
nl.verhalenbank.38560
Stammerige Harm wie in tsjoenster fan formaet.
Hy hat in soad minsken bitsjoend. Syn eigen dochter hie 't net op him stean. Trouwens, it siet yn 't laech. Syn beppe koe it ek. Dy fleach mei in reade rôk oan troch de loft. Sûnder dy rôk koe se net fleane. Syn mem wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.15751
Hy hat us nei de kermis to Feanwâlden wêst.
Dêr wie in faem, dy hie him de gek oanstutsen. En doe't dat fanke gong to dânsjen, doe hied er har de rokken ôfsakje litten.
nl.verhalenbank.21615
Jehannes liet de jonge froulju samar de rokken ôfsakje en ek de broek. De famkes wienen deabinaud foar him.
nl.verhalenbank.38224
Alde Janke Mozes fan 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Hja hie in blau doekje om 'e nekke hinne en hie de hannen yn 'e ploaijen fan 'e rok. As wy kofje fan har krigen op it lân, smieten wy it stikum fuort.
nl.verhalenbank.17598
Jehannes koe soldaetsjes marsjeare litte, dy't er ta de hurddobbe út komme liet. Hy koe de froulju ek de rokken ôfsakje litte. De froulju wienen deabinaud foar him.
nl.verhalenbank.38082
Alde Jan Popkes fan Noardermar koe duvelskunsten forrjochtsje.
As 't reinde en der stienen wetterplakken op 'e dyk, dan liet er de jongefroulju dêr yn dânsje en dan dienen se de rokjes omheech.
nl.verhalenbank.28642
Der wie in faem út Aldegea, dy wie earne to merkehâlden. Doe kaem der in feint op har ta, dy woe it mei har oanlizze.
Mar sy wegere. "Ik haw al in feint", sei se.
Doe sei dyselde: "Moatst oppasse, dat ik dy de rokken net ôffalle lit."
De faem waerd bang en soarge der foar, dat hja tusken de minsken bleau. Hwant dyselde, dy't har frege hie wie Piter Poes...
nl.verhalenbank.10782
Jehannes Meerstra koe de froulju de rokken ôfsakje litte.
Hy hat tsjin ús oer wenne. Hy koe de tange op 't hurdsté dounsje litte. Hy koe ek bûksprekke.
Hy wie ris mei oar folk yn 't âld sûkerijfabryk oan 't wurk.
Doe wie der ien, dy sei dat er sa'n sin hie oan pikelhearrings. Doe waerd der ynienen bûtendoar roppen: "Pikelhearring!"
Dat wie Jehannes syn...
nl.verhalenbank.38209
Jehannes koe de froulju de rokken ôfsakje litte. Hy hie in protte merakels.
Yn 'e hjerst wied er by in boer oan 't jirpeldollen west. Doe farden se nei dat kerwei nei hûs ta. Jehannes siet achter by 't stjûr. Wylst se de Wâl del farden seagen se ûnderweis in man, dy rôp de hinnen.
"Eigenaerdich," sei Jehannes, "nou sit de hoanne yn 'e midden." Doe fleagen...
nl.verhalenbank.38051
Imke de Jong wie in gûchelder. Hy reizge by de merken lâns en hat yn Ljouwert wenne. Hy wie troud mei in sekere Janke. Hy koe de minsken samar stean litte en liet se molke slobberje út in pantsje, krekt as wienen it katten. Hy koe de minsken kraeije litte as in hoanne. Alles hwat er sei, dat dienen se.
Hy koe de froulju de rokken samar ôfsakje litte.
Yn...
nl.verhalenbank.38534
Martens Bauk hie in nicht, dat wie Griet. Dy lake altyd sa. Der koe net hwat wêze, of hja bigoun der om to laitsjen.
Jehannes sei: "Dat sil 'k har ris ôfleare."
Doe soed er har de rokken ôfsakje litte. Hja moest se mei gewelt beethâlde, en har broek ek, hja koe 't hast net forhinderje. Hja die gau de bêdsdoarkes iepen. Hja is doe nuver op bêd rekke. Mar...
nl.verhalenbank.38182