Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: rijden Narrator Gender: male Place of Narration: Eastermar
Us heit wenne froeger oan 'e Hearrewei ûnder Sumar. Faek hat er forteld dat se soms achter hûs lûden hearden; it wie krekt dat der izer oer izer hinne glied. Al gau dêrnei is de tram dêr kom. Dat ha de lûden doe west fan 'e tram dy't oer de rails glied.
nl.verhalenbank.33848
Jan Hepkes fan Surhústerfean ried geregeld nei Ljouwert ta op syn âld fyts. Dan stuts er altyd even op Swarteweisein oan. Hy mocht graech in slokje. Doe seinen se op in kear op Swarteweisein tsjin him, hy moest in motorfyts oantuge, dan koed er folle hurder. Doe kocht er it tsjûr fan in motorfyts en dat sette er oan syn fyts. De freeds ried er wer nei...
nl.verhalenbank.20598
Guon wurde mei de helm geboaren. Dy sjogge de lykstaesjes foarút. Ik haw sa'n ien noait kend. "Sy matte it bislist sjen", sizze se. Us mem sei altyd: "Rin by nacht noait midden op in paed."
nl.verhalenbank.35930
Heit fortelde ús froeger, in man út Droegeham hat klear heard dat der yn 'e Harkema sein waerd: Harkema-Opeinde Uitstappen! En dêrby hearde er it lûd fan in ridende trein. Dat doe waerd der tocht dat der yn 'e Harkema noch in trein komme soe. Miskien gebeurt it noch. Harkema is it greatste plak fan 'e gemeente woarn.
nl.verhalenbank.31212
Sterke Hearke wie oan 't wurk yn 'e buert fan 'e Skeltepaden ûnder Droegeham. Hy hie in kroade fol sân, dy moest er forkroadzje oer de bou, mar dat kroade o sa min. Hy hie de kroade better lûke kind as foarútskouwe. Mar hy die noch oars. Hy tilde de kroade fol sân op en sette him op 't skouder en sa sjoude er him nei de reed ta.
nl.verhalenbank.20487
Heit fortelde, hja hearden froeger gebolder yn 'e loft, krekt foardat de trein kom.
nl.verhalenbank.32806
Der wie in heit, dy hie twa soannen. Elk fan dy soannen hie in hynder. De heit hie ek in plaets en dy woed er ien fan 'e beide soannen ta ha. Mar hokker? Se wienen him beide like nei. De beide soannen hienen 't hast elke dei oer de plaets. Elk fan beiden woe him graech ha en dan sangeren se har heit mar om 'e holle: "Jow him my, heit." Dêr krige de âld...
nl.verhalenbank.33857
35