Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Burgum wie us in man forstoarn. Hy hie in pear moaije sulveren gaspen op 'e skuon hawn en foardat er stoar sei er tsjin syn wiif: "Dy gaspen dy matte der bliuwe. Dy moat ús jonkje letter op 'e skuon ha." De frou biloofde dat.
Mar letter kaem dy frou sa bot yn 'e earmoed to sitten, dat hja forkocht dy gaspen oan in buorfrou.
Doe sei it jonkje op in...
nl.verhalenbank.19718
Yn Burgum wenne in widdoufrou, dy hie twa famkes. It âldste wie fjirtsjin jier. Hja hie ek twa famkes forlern. Hja wennen yn in arbeidershûs en dêr hienen se froeger wol stilen yn.
Deis wie de widdou by de boer op it lân en de beide famkes moesten de húshâlding dwaen. As hja thúskaem stie it iten al op 'e tafel. Mar op in kear kaem se thús, doe wie der...
nl.verhalenbank.19723
Auke en Sjut fan 'e Tike hienen berntsjen hawn, dy't se net oanjoegen by de burgerlike stand. Of se deageboaren wienen of formoarde woarn, dat wist eins net ien. Mar se seinen dat de âlden se oan kant brocht hienen. Dy berntsjes bigroeven se achter yn 't skieppehok. Midden yn 't hok stie in peal dêr dounsen dy berntsjes om hinne. Sy koenen de rêst net...
nl.verhalenbank.19785
Wybren Wartena syn heit wenne yn Garyp. Dy wie foar de twadde kear troud. Hy hie buorkerije en in herberch. Doe't syn earste frou stoar biloofde hy har, hy soe noait wer trouwe.
Mar hy die it al. Sy koenen it skoan rêdde en sy gongen der togearre wolris mei de tilbry op út. As se dan thúskamen gongen de skûrredoarren fansels iepen. Dat wie it wurk fan syn...
nl.verhalenbank.19786
Us mem fortelde, dêr yn 'e buert fan Garyp ha minsken wenne, dy hienen in jonkje. Dat jonkje hie skuon oan mei sulveren gaspen. Dat jonkje rekke siik en doe hat er sein: "Dy gaspen mat mem noait forkeapje." En doe kaem dat jonkje to forstjerren.
Mar dat minske kaem yn 'e earmoed to sitten en hja forkocht de gaspen.
Letter kaem dat jonkje hyltyd by de...
nl.verhalenbank.30891
Yn Aldegea, fortelde mem, stie in hûs mei in skuorrepeal, dêr't yn 'e nacht altyd neakene berntsjes om hinne dounsen. Dy berntsjes hienen gjin deaklean meikrigen. Dêrtroch hienen se gjin rêst.
nl.verhalenbank.30892
Yn Burgum wenne in rike heareboer, dy forlear syn frou. Foar har forstjerren hied er har biloofd, hy soe net wer trouwe, omt hja dat graech sa ha woe. Mar der wie noch net in healjier om of doe stied er al wer ûnder 'e geboadens mei in nicht fan syn eardere frou. Doe't er fan 't gemeentehûs weromkaem en it rydtúch yn 't koetshús bringe soe, stie syn eigen...
nl.verhalenbank.19772
Der wurdt fan sein dat der ris trije man to fiskjen wienen by de Skilige Piip. Ien man waerd troch de oare beiden oer board hâlden en doe is dy dêr forsûpt. Sûnt dy tiid spûket dy dêr om.
nl.verhalenbank.30424
Auke en Sjut dy wennen op 'e Tike. Sy stienen min bikend. Us Wytse-om en ús Jehannes-om dy kommen dêr moarns bitiid faek lâns as se nei de merk ta gongen foar de handel. Dan seagen se dêr altyd twa wezentsjes omspûkjen. (popkes)
Op in kear frege Jehannes-om: "Hwat is dat dêr altyd by jimmes achter op 'e tún? Dêr spûket it."
Doe krigen Auke en Sjut beide...
nl.verhalenbank.19717