Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Houtigehage ha minsken wenne, dy hienen twa berntsjes forlern. Dy berntsjes wienen bigroeven woarn sûnder deakleantsjes oan. Doe kommen dy berntsjes dêr nou en dan to boartsjen mei de oare bern. Dan wienen se alhiel neaken. Doe hat de mem op in joun deakleantsjes dellein op 'e stoel, dy't yn 'e hoeke stie.
De oare moarns wienen de deakleantsjes...
nl.verhalenbank.20100
Myn wiif hie froeger in kammeraetske. Dy har pake wie in apart man. Hy hie in kammeraet. Dy beiden hienen elkoar biloofd, hwa't it earst stoar fan har beiden, dy soe werom komme en dy soe sizze hoe't it dêr yn 't hjirneimels wie.
Dy kammeraet fan har pake stoar.
In pear nachten letter woarde der hyltyd by har pake kloppe, midden yn 'e nacht.
Har pake wie...
nl.verhalenbank.28762
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich.
De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter.
Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde.
As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan.
Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
nl.verhalenbank.21992
Klaes Kamstra hat syn frou tige min bihandele. Hy hat har wol sa bot slein dat se ûnder 'e blauwe plakken siet. En hy hat har wol oan 't hier út it bêd wei sleept.
Doe kaem se to forstjerren.
Alle jounen as hy fan 'e trein kaem fan 't wurk, dan moest er it tsjerkhôf foarby en dan fleach der elke kear in wyt ding út it graef wei nei de tsjerke-hikke ta....
nl.verhalenbank.22122
Op in kear doe lei ik op bêd.
Doe seach ik ynienen de trije famkes, dy't wy forlern ha, by de tafel sitten.
Ik sei: "Heden, binne jimme dêr?"
"Ja", seinen se en sy laken. "Wy soenen mem helje."
"Ik wol net mei", sei 'k.
"Dat jowt mem neat. Mem màt mei", seinen se.
"Ha jim 't goed?" frege ik de bern.
"Ja," seinen se, "folle better as mem. Kom nou mei."
Ik...
nl.verhalenbank.21991
In neef fan ús hie in húshâldster. Hy hat har skandalich bihandele. Doe't it minske âld waerd, wie se der al hielendal oer. 't Wie in stumper.
As hy by 't winter fuort gong moest it sloof yn 'e kjeld sitte. Dan boun er earst in tou om 'e kachel hinne, hwant hy sei, 't wie net fortroud dat sy mei de kachel om gong.
Letter, doe't se stoarn wie, koed er har...
nl.verhalenbank.22123
Tsearde Antsje fortelde ek: "Myn man Tseard wie dea. Op in nacht mei ljochtmoannewaer kaem hy der oan. Earst fóár hûs, doe njonken it hûs lâns en doe achter it hûs. En dêr waerd er wei. Ik haw him mei de egen folge."
nl.verhalenbank.22118
In suster fan my wie âld-faem. Dy hat ús mem en dy yn 't faillisemint smiten. Mem en dy hienen hwat hinnen nou en dan, it kaem der net rûm om, mar it skarrele sahwat. Hja fortsjinne wyks hwat. Doe hie se op 't lêst safolle oergarre, dat sy kocht twa beesten op 'e stâl.
Doe troude hja noch, doe wie se tritich jier. Heit wie al in goeije sawntich jier en...
nl.verhalenbank.22124
Bern, dy't gjin deadsklean meikrige ha, spûkje ek.
nl.verhalenbank.10694
Yn 'e Harkema wie in famke stoarn. Dat bern hie in to koart bierkleed meikrige en doe koe it de rêst net fine. Doe kaem it jouns altyd to spûkjen by har heit en mem. Doe ha dy der in doomny by helle. Dy hat it bern oansprutsen.
It bern moest in langer bierkleed ha. De âlders ha der foar soarge dat dat der kaem en doe hat de doomny dat langere bierkleed it...
nl.verhalenbank.10693