Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As der ien stoarn is, en dy ha jo hwat biloofd, dan mat men dy bilofte neikomme, oars komt dyselde letter to spûkjen.
nl.verhalenbank.17121
Op 'e Sumarreheide wenne Beint Boonstra. Dy wie o sa wreed tsjin syn bern. Der wienen ek al in pear bern stoarn. Guon seagen dêr jouns bern om 'e doar hinne.
Doe hat de plysje der hinne west. Dy sei: "Jo matte de bern nachts net bûtendoar ha."
Doe woarde Beint hiel bot kjel en sei: "Ik ha nachts gjin bern bûtendoar."
It wienen de deade berntsjes, dy't dêr...
nl.verhalenbank.17120
Der wenne in boer yn Sumar, dy joech syn arbeiders fierstomin lean. Dêr wie ien arbeidershúshâlding by, dy liet er sahwat forrekke. De berntsjes hienen suver gjin klean oan. De iene nei de oare is fan 'e honger en fan 'e ellinde stoarn.
Doe't se allegear dea wienen, hearden dy boer en boerinne alle nachten bernelûden yn 'e skuorre. Dat wie by 't twade...
nl.verhalenbank.31622
Evert Kobus wenne yn Nyegea. Hy hat him ophong neidat der him in minske yn 'e mjitte kaem, dy't al lang dea wie.
nl.verhalenbank.32120
Ik haw in boer kend, dy wie troud. Mar syn frou stoar. Hy hie har foar har dea biloofd, hy soe net wer trouwe. Mar hy krige wer in frou.
Mar as hy der mei syn twadde frou op út soe mei de tilbry en sy spanden it hynder yn, dan stie de earste frou al ré by de takkebult. Dy woe èk mei.
Sy koe de rêst net krije omt hy him net oan syn bilofte hâlden hie.
nl.verhalenbank.22779
Yn Beetstersweach wennen twa advokaten. Dy wienen fan 'e duvel biseten en dienen folle kwea. Der wie in duvelbander - guon biweare dat it Piter Poes fan de Sumarreheide wie - dy gong mei de boerewein nei de Sweach ta en krige dy beide mannen by him op 'e wein. Twa grouwe gudzen roannen der foar.
Dy twa hynders switten ôfgryslik doe't dy beide advokaten op...
nl.verhalenbank.31500