Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wy wennen yn Boelensloane tsjin 'e iepenbiere skoalle oer.
Wy hienen dêr buorkerije. 't Wie yn 1898, doe hearden mem en ik timmerjen en oar lawaei by ús yn 'e skuorre. Mar yn werkelikheit wie der neat to rêdden. Mar letter hâldden de soasialisten har forgaderingen yn 'e skuorre, dan gong 't der soms bot oan wei, en noch letter, doe't de tsjerke op 'e...
nl.verhalenbank.29382
Der wie us in doomny, dy mocht graech in slokje. Hy siet wol gauris by Aeltsje yn 'e herberch en dan bleau it net by ien en twa.
Op in snein doe siet er yn 'e preekstoel. De âlderling lies de tekst foar út 'e skrift, dêr't doomny oer preekje soe. Mar doomny hie de foarige jouns wer by Aeltsje sitten en wie sliepprich. Doe't de âlderling útlêzen wie, siet...
nl.verhalenbank.23723
Der wie in doomny, dy wie frijhwat oan 'e drank. De gemeente koe soks net goed krije en der kommen hwat langer hwat minder minsken yn 'e tsjerke. De doomny koe oars omrake goed preekje.
Syn frou warskôge him. Sy sei: "De minsken ha gjin ûntsach mear foar dy. As dit sa troch giet, dan hastû gau net ien mear yn tsjerke. Dan krijst dyn ûntslach en dan ha wy...
nl.verhalenbank.23722
It gebeurde dat Minne Simens op in sjerpfet stie to preekjen yn 'e iepen loft. It lid bijoech him en hy sakke der troch. Hy stie midden yn 'e sjerp. Alle gemeenteleden moesten him doe skjinslikje. Doe hat dat folkje foargoed de smaek topakken krige. Nei dy tiid hâlde alle menisten fan swiet. It binne echte swietbekken.
nl.verhalenbank.32943
Der wie in stroper, dy hie op in snein-to-moarns ûnderweis nei tsjerke in ein fangd. Hy die him ûnder 'e jas en sa kom er yn tsjerke.
De doomny hie ta tekstwurd: Ik zie hem.
De stroper tocht: O blinder, hy sjocht myn ein.
Doe die er in knoop fan 'e jas fêst.
Even letter sei de doomny wer: Ik zie hem.
Doe die de stroper nòch in knoop fan 'e jas fêst.
Wer...
nl.verhalenbank.23721
't Wie yn 'e oarloch en in krappe tiid. Ergens stie in dûmny to preekjen. Mar de man hie in spraekgebrek. Ynpleats fan "Vrede, vrede, maar er is geen vrede", sei er: "Vrete, vrete, maar er is geen vrete."
nl.verhalenbank.32878
Der wie in man dy soe nei tsjerke ta. Underweis seach er in prachtige ein. Hy koe 't net litte om dy ein to fangen. Hy tocht: "'t Kin my neat skele, ik nim him mei ûnder 'e jas nei tsjerke ta. Dêr sjocht net ien hwat fan."
Doe rekke doomny oan 't preekjen en yn syn preek kommen de wurden - Ik zie hem - foar.
Doe't dy man dat hearde, tocht er: "Donders, hy...
nl.verhalenbank.32931
Japik Ingberts ried ta alle fjouwer poarten fan Ljouwert út op ien en deselde tiid. 't Wie tolve ûre.
Hy hie biricht krige, hy moest op dy tiid by ien fan 'e poarten wêze, dan soed er arresteard wurde. By elke poarte stienen guon fan 'e plysje.
Mar Japik Ingberts siet, foardat er op stap gong, prinshearlik yn 't hóátel 'De Nije Doelen', dêr't er brette...
nl.verhalenbank.25054
De doomny fan Boarnburgum en Koartehimmen (ds. van Es) hâldde der kninen op nei, mar der woarden altomets guon fan stellen.
Doe't doomny op in snein-to-moarn ris wer op 'e preekstoel stie, nei't se him dy wyks wèr kninen ûntstellen hienen, sei er:
Boeren en burgers van Boornbergum en Kortehemmen,
ik zeg niet, dat ge dieven zijt,
maar ik raak al mijn...
nl.verhalenbank.33386
Yn 'e Koaten preke al ris in doomny sa bêst, dat de froulju sieten hast allegear to snokken.
Doe't er amen sprutsen hie, sei er: "Jullie kunnen 't geloven, maar ik geloof het niet."
En hy woarde koekoopman. (Dit fortelde mem)
nl.verhalenbank.32934
Menno Simons wie de foargonger fan 'e Menisten. Dy stie us in kear to preekjen op in fet mei hunich. Hy wie nochal swier, dat op in gegeven momint sakke hy der troch en dêr stie er midden yn 'e hunich. Doe slikken al dy minsken him ôf.
Dêrtroch hâlde de menisten safolle fan swiet.
nl.verhalenbank.26160
Us heit wie skuonmakker, hy hat in ûngelok hawn en roun sûnt op krukken. Wy wennen yn Boelensloane. Hy kocht in stik groun mei in hûs, dêr't in greate skuorre oan fêst siet. Der wie doe yn dy tiid noch gjin tsjerke yn 'e Boelensloane. Mar doe wienen der lju, die woenen dêr in doomny preekje litte. Dêr wie heit ek in great foarstander fan. En doe waerd der...
nl.verhalenbank.37909
Sibe de Jong siet us to Kollum yn 'e tsjerke. De preek forfeelde him en hy seach sa nou en dan us op 't horloazje, om to witen hie let it wie. Dat krige doomny yn 'e gaten en hy spriek fan 'e kânsel ôf:
"Het gaat niet om de tijd,
maar om de eeuwigheid!"
nl.verhalenbank.32877
De doomny út 'e Koaten stie op in snein op 'e preekstoel. Wylst seach er in fisker, dy't oan 't fiskjen wie.
Doomny mocht sels o sa graech fiskje, dat syn gedachten wienen hyltyd by de angel fan 'e fisker, en sa nou en dan seach er dy kant út.
De fisker krige byt en helle op.
Doomny wie sa bot fordjippe yn 'e fiskerij, dat hy rôp: "Waarachtig een karper!"
nl.verhalenbank.32876
In hûn as hoedingel
Der wie ris in dominy, dy koe ôfgryslik preekje en hy sei it de minsken tige oan. Dêr mochten party net oer: dy koenen de wierheid net ferneare en krigen it grau op him yn. Lykwols, se koenen lang net tsjin him op. En doe boaze dat oan, sa slim, dat der wienen guon, dy woenen him wat dwaan. Dominy hearde dêr wol ris wat fan grútsjen,...
nl.verhalenbank.11464
Yn Sumar stie in sekere doomny Biersteker. Op in snein wie 't sa kâld, dat hy fleach fan 'e preekstoel om de jekker op to heljen, dy't yn 'e konsistoarje hong.
En hy sei:
"Hoe langer, hoe gekker,
dominé Biersteker staat nu al in de jekker."
nl.verhalenbank.32875
Der wienen twa collega's predikanten. De iene hiet fan Barabbas. De oare syn namme wit ik sa net mear.
Dy twa doomnys wennen yn itselde plak. Mar it harmoniearde net tusken dy beide hearen. De iene mocht de oare, om samar to sizzen, net sjen.
De iene tocht: ik mat sjen dat ik hjir wei kom.
Op in snein hâldde de iene syn preek de moarns, en de oare de...
nl.verhalenbank.33710