Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wy wennen yn Boelensloane tsjin 'e iepenbiere skoalle oer.
Wy hienen dêr buorkerije. 't Wie yn 1898, doe hearden mem en ik timmerjen en oar lawaei by ús yn 'e skuorre. Mar yn werkelikheit wie der neat to rêdden. Mar letter hâldden de soasialisten har forgaderingen yn 'e skuorre, dan gong 't der soms bot oan wei, en noch letter, doe't de tsjerke op 'e...
nl.verhalenbank.29382
Der wie us in doomny, dy mocht graech in slokje. Hy siet wol gauris by Aeltsje yn 'e herberch en dan bleau it net by ien en twa.
Op in snein doe siet er yn 'e preekstoel. De âlderling lies de tekst foar út 'e skrift, dêr't doomny oer preekje soe. Mar doomny hie de foarige jouns wer by Aeltsje sitten en wie sliepprich. Doe't de âlderling útlêzen wie, siet...
nl.verhalenbank.23723
Der wie in doomny, dy wie frijhwat oan 'e drank. De gemeente koe soks net goed krije en der kommen hwat langer hwat minder minsken yn 'e tsjerke. De doomny koe oars omrake goed preekje.
Syn frou warskôge him. Sy sei: "De minsken ha gjin ûntsach mear foar dy. As dit sa troch giet, dan hastû gau net ien mear yn tsjerke. Dan krijst dyn ûntslach en dan ha wy...
nl.verhalenbank.23722
Der wie in stroper, dy hie op in snein-to-moarns ûnderweis nei tsjerke in ein fangd. Hy die him ûnder 'e jas en sa kom er yn tsjerke.
De doomny hie ta tekstwurd: Ik zie hem.
De stroper tocht: O blinder, hy sjocht myn ein.
Doe die er in knoop fan 'e jas fêst.
Even letter sei de doomny wer: Ik zie hem.
Doe die de stroper nòch in knoop fan 'e jas fêst.
Wer...
nl.verhalenbank.23721
Us heit wie skuonmakker, hy hat in ûngelok hawn en roun sûnt op krukken. Wy wennen yn Boelensloane. Hy kocht in stik groun mei in hûs, dêr't in greate skuorre oan fêst siet. Der wie doe yn dy tiid noch gjin tsjerke yn 'e Boelensloane. Mar doe wienen der lju, die woenen dêr in doomny preekje litte. Dêr wie heit ek in great foarstander fan. En doe waerd der...
nl.verhalenbank.37909
Der kommen ris op in kear trije man yn in herberch. De iene wie in generael, de oare in rjochter en de trêdde in doomny. Dy fregen elk in sliepplak.
Doe sei de kastlein: Ik ha mar ien bêd oer, dat ik kin mar ien fan jimme trijen bêdzje. Hwa mat dat nou wêze? Ik mat earst jimme birop mar ris wite.
De generael sei: "Ik ha fiif en twintich jier lein yn in...
nl.verhalenbank.32905
Sibe de Jong siet us to Kollum yn 'e tsjerke. De preek forfeelde him en hy seach sa nou en dan us op 't horloazje, om to witen hie let it wie. Dat krige doomny yn 'e gaten en hy spriek fan 'e kânsel ôf:
"Het gaat niet om de tijd,
maar om de eeuwigheid!"
nl.verhalenbank.32877
De doomny út 'e Koaten stie op in snein op 'e preekstoel. Wylst seach er in fisker, dy't oan 't fiskjen wie.
Doomny mocht sels o sa graech fiskje, dat syn gedachten wienen hyltyd by de angel fan 'e fisker, en sa nou en dan seach er dy kant út.
De fisker krige byt en helle op.
Doomny wie sa bot fordjippe yn 'e fiskerij, dat hy rôp: "Waarachtig een karper!"
nl.verhalenbank.32876
Yn Sumar stie in sekere doomny Biersteker. Op in snein wie 't sa kâld, dat hy fleach fan 'e preekstoel om de jekker op to heljen, dy't yn 'e konsistoarje hong.
En hy sei:
"Hoe langer, hoe gekker,
dominé Biersteker staat nu al in de jekker."
nl.verhalenbank.32875