Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: praten man Place of Narration: Drachten
It gebeurde ek us op in kear, doe siet ik by him, doe wie de doar ek wer út himsels iepen en ticht gong. Mar doe fornaem ik wol, dat der kreaud woarde. De man hie heftige biwegings en sy wienen it lang net iens togearre, koe 'k wol fornimme. 't Wie mis, hy wie mar oan 't haspeljen en oan 't jeuzeljen tsjin dy 'oare'. Doe kom dy âld man oerein en hy gong...
nl.verhalenbank.24936
Ik ha ûnder tsjinst lein. Dêr wie ek in jonge, dy kom fan Brabân. Dy fortelde: Der wenne njonken my in âld man. Dy âld man hie in forboun mei de duvel. Ik kom in protte by dy âld man. Ik wie noch mar in jonge, doe kom ik al by him. It is faek gebeurd, dan siet ik by him, dan gong de keamersdoar ynienen samar iepen en fuort dêrnei ek wer ticht. Men koe net...
nl.verhalenbank.24935
Dongstruiers In Gariper boer hie lân yn 'e Stûkfjilden tusken Garyp en Warten. Dêr stjoerde er op in kear in feint en in arbeider hinne te dongstruien. It wie in hiele lape en doe sei er: 'Jim moatte jim mar kloek hâlde, dat jim hjoed dien krije'. 'Dat is goed, boer', sei de arbeider en se gongen hinne. Doe't se by it lân kommen wienen, bleauwen se...
nl.verhalenbank.12463
Sterke Ynse helle in kroadfol sân by de slûs fan Bakkefean wei. Underweis trof er in man dy bleau by him stean to praten. Dat duorre langer as in healûre. Al dy tiid hâldde Ynse de folle kroade beet ynpleats fan dat er him delsette. Doe't it gesprek dien wie kroade er mei 't sân nei hûs.
nl.verhalenbank.37146
Doe't ik yn 'e Haskerveenpolder oan 't wurk wie, fortelde Paulus van Zanten my oer in man en in frou. De man arbeide op 'e febryk. De frou wie great mei in oare keardel. Dat hienen de lju him al in kear of fjouwer, fiif forteld, mar hy woe it noait leauwe. Mar op in kear tocht er: ik wol 't ûndersykje. Doe't er dy moarns nei 't wurk ta gong wie, kearde er...
nl.verhalenbank.24002
Biesterfeld wenne op 'e Dwarsfeart. Elkenien wie binaud foar him, hwant hy stie nergens foar. Hy hie ien formoarde en dêr hied er foar yn 'e gefangenis sitten. Op in kear roan ús beppe de jouns let mei in man op. Hja kom fan Olterterp en moest nei de Drachtster Dwarsfeart. Hja praetten oeral oer togearre en sa rekken se ek oer Biesterfeld los. Beppe sei:...
nl.verhalenbank.33779
Ik wie noch net troud, wy wennen op 'e Boelensloane. It waeide dat it stoarme. It wie yn 'e neinacht. In suster fan my hie mei har man by ús west to praten. Myn faem wie ek by ús. Myn suster en 'e man wennen yn Surhústerfean, dêr moesten se dy nachts wer hinne. Ik en myn faem soenen har in ein bringe. It waeide dat it rikke, it stoarme bytiden, en soms...
nl.verhalenbank.37922
Der stienen ris in pear mannen by Sterke Hearke to praten. Sy koenen Hearke net. Hearke wie dêr op it lân, hy hie de ploege beet. Doe frege de iene: "Hwer wennet Sterke Hearke eins?" Doe hie Hearke de beide hynders úthechte en hy hie de ploech optild en straelrjocht útstutsen en sein: "Sjoch, dêr wennet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.27513
Alle frijmetselers ha in forboun mei de duvel. De frijmitselerij is sokssahwat as in geheim genoatskip. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e leden dea. Deselde dy syn lot it oanwiist, mat him deameitsje. Dat matte jo bislist dwaen, dat is jou plicht. Dogge jo it net, dan wurde jo sels deamakke. Yn Swolle wenne in fiskerman. Dy hie in soan, dy siet us op in kear...
nl.verhalenbank.27923
't Gebeurde yn froeger tiden op in nacht dat in frou allinne de kant fan Beetstersweach út wei kaem. Hja moest nei Drachten ta. Hja wie bang allinne yn 'e nacht, hwant men hearde de lêste tiden fan rare dingen. Yn Drachten wenne in tige biruchte ynbrekker en moardner, dat wie Biesterfeld. Dy wie krekt loskaem út 'e gefangenis. It minske wie bliid doe't...
nl.verhalenbank.36693
35