Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Imke de Jong wie ris op 'e merke yn Droegeham. De plysje dêr, Tseard van Dekken, pleage him. Hy leaude net yn 'e kunsten fan Imke. Hy sei tsjin Imke: "Astû my fêst sette wolste, mast it mar prebearje, ik jow dy frij. Dû kinst it dochs net dwaen." En hy lake Imke út.
Doe hat Imke him in hiel skoft stean litten. Hy koe net in kant út.
Imke de Jong is op de...
nl.verhalenbank.27009
Tseard van Dekken wie us in kear op Hamstermerke. Doe stuts er ien hiel bot de gek oan. Dat wie Imke de Jong.
Doe liet Imke de Jong him stean. Dat hat wol in healûre duorre. Al dy tiid koe Tseard net fan 't plak komme.
Tseard wie doe plysje.
nl.verhalenbank.28590
Ymke de Jong wie ris op Hamstermerke. Dêr hat er de plysje Tseard van Dekken stean litten.
Under tsjinst hat er dat ek ris dien mei in luitnant. Dy hie him útmakke. "Luitenant, sta stil", sei er. Doe hie dy luitenant net in foet mear forsette kind.
nl.verhalenbank.26251
Imke de Jong hat yndertiid op Hamster merke de plysje Tseard van Dekken alris in skoft stil stean litten.
nl.verhalenbank.23918
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
nl.verhalenbank.29365
Imke de Jong wie us in kear op 'e kermis yn Surhústerfean.
Hy hie dêr in pear learzens kocht by de skuonmakker. Doe't de kermis oer wie hied er dy learzens noch net bitelle en hiele Imke wie net mear to sjen. De skuonmakker gong dêr net mei akkoart. Hy joech it oan en doe setten de plysjes op 'e hynders Imke achternei. Doe hellen se him yn, doe wied er al...
nl.verhalenbank.27035
Ymke de Jong, de bikende gûchelder, hie hwat útheefd en woarde to Ljouwert yn 'e gefangenis set. De doar kom op slot. Mar hy siet der noch mar even yn of hy belle. Doe't de sipier kom, sei er: Ik ha der neat op tsjin dat ik yn 'e gefangenis sit, mat dan wol 'k de doar op slot ha. Hwant de doar hied er al wer los. Se koenen in doar net sa bot skoattelje of...
nl.verhalenbank.15886