Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje kin troch in hiel lyts gatsje.
Us Hindrikom en syn broer en noch in pear ha ris meielkoar to apelstellen west by in boer. Doe woarden se troch de plysje attrapearre en kommen yn 'e gefangenis.
Hindrikom hie dêr yn 'e sel alle nachten in nachtmerje. Doe ûntdekte er dat der in gatsje yn 't rútsje siet. Hy frege as dat ticht makke wurde mocht....
nl.verhalenbank.19320
Japik Ingberts ried ta alle fjouwer poarten fan Ljouwert út op ien en deselde tiid. 't Wie tolve ûre.
Hy hie biricht krige, hy moest op dy tiid by ien fan 'e poarten wêze, dan soed er arresteard wurde. By elke poarte stienen guon fan 'e plysje.
Mar Japik Ingberts siet, foardat er op stap gong, prinshearlik yn 't hóátel 'De Nije Doelen', dêr't er brette...
nl.verhalenbank.25054
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74.
Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Ik haw ek by in frommes yn Grins west. Dat wie in sikere W. Kortstra. Sy wenne yn 'e Meeuwerderstraat. Us hûs op 'e Dwarsfeart wie krekt ôfbrând. Myn soan hie nei de faem west mei de auto. De nachts nei de brân woarde myn soan om ien ûre oanhâlden troch de plysjes.
De oare deis gong ik nei de kaertlizter ta, hwant ik woe wite hoe't it komme soe. Ik liet...
nl.verhalenbank.22878
Trije keardels út 'e Harkema wienen ris dronken. As se goed dronken wienen, dan wienen 't rare mannen. En gefaerlik. Hja wienen op 'e Lange Wyk. Dêr hienen se yn 'e kroech sitten.
Doe praetten dy trije mei elkoar ôf, hja soenen de earste de bêste dy't se tsjin kommen deameitsje.
Doe trof dat in postloper. It gebeurde op 'e Lange Wyk. Dêr ha se doe mei har...
nl.verhalenbank.35914
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers.
Sy seinen: "Je geld of je leven."
"Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Hinse Beest
It wie yn 'e tiid fan 'e longsykte ûnder it fee yn Eastermar. Alle fee dat de longwjirm hie waard ôfmakke. Dat gong ûnder it tafoarsjoch fan 'e polysje en de marsjesee. Sa wie ús heit in kear mei Hinse en doe stapten de marsjesee's dêr lâns mei in ko. Dy soe ek deamakke wurde. 'Wat moat dat?'frege Hinse. 'Dy ko moat dea, hy hat de longwjirm'....
nl.verhalenbank.12998
't Wie yn 'e oarloch.
Der wienen guon, dy woenen in grou keal oer de grins smokkelje. Mar sy leinen it snoad oan. Ynpleats fan in keal dienen se in dikke herdershoun yn 'e koffer.
Doe sei de douane: "Hwat ha jo dêr yn?"
"Dêr haw ik in houn yn", sei de man mei de koffer.
Doe moest de douane dy houn sjen.
De koffer woarde iependien en de houn sprong der út...
nl.verhalenbank.21163
Berga wie plysje yn Grinzer Pein. Hy wie almeugende sterk. Hy wie mear as twa m. lang en hy woech trijehûndert poun.
Jumbo neamden se him. Syn frou libbet noch, dy is in goeije tachtich jier. Hy komt fan 'e Haule. Hy hat plysje west yn Haulerwyk en yn Grinzer Pein. Ek yn Grins. Hy wie almeugende sterk. To Grins pakte er twa studinten dy't net om lyk...
nl.verhalenbank.27504