Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
't Wie yn 'e oarloch. Greate Pier wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy moest by Greate Pier wêze. "Witte jo hwer't er wennet?" frege er.
Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en sei: "Dêr wennet er, hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37977
Fan Hearke wurdt forteld dat er iens op 't lân oan 't ploeijen wie en dat der doe ien by him kaem dy't frege hwer't Hearke wenne. Hearke hie doe de ploege optild mei ien hân en dêr mei wiisd nei syn hûs en sein: Dêr wennet er en hjir stiet er. Mar ús heit sei altyd: Dêr is neat fan oan. Dat is noait gebeurd mei Hearke.
nl.verhalenbank.37518
Sterke Hearke wie oan 't ploeijen op it lân. Doe kom der in man oan, dy frege: "Wite jo hwer't Sterke Hearke wennet?"
Hearke tilde de ploech op en wiisde dêr mei. Doe sei er: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.29136
Der kamen ris in pear soldaten by Greate Pier. Dy wie oan it ploeijen. Hja fregen him of er ek wiste hwer't Greate Pier wenne. Hja hienen yn dy tiid in houten ploech mei in sturt der oan.
Greate Pier krige de ploege by de sturt beet mei ien hân en wiisde dêrmei nei syn hûs.
"Ja," sei er, "dêr wennet er, en hjir stiet er."
Doe hienen dy soldaten neat mear...
nl.verhalenbank.38369