Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: ploegen Narrator Gender: male Place of Narration: Boelenslaan
Sterke Hearke wie hjir ris oan 't ploeijen. Doe kom der in man om utens wei, dy hie fan Hearke heard. Hy woe wolris mei him prate. Hy gong nei 't hûs fan Sterke Hearke ta. De frou sei tsjin him: "Sjoch, dêr is er, hy is oan 't ploeijen." Doe gong dy man nei Hearke ta. Hy bearde dat er net wist dat it Hearke wie en frege him oft er ek wiste hwer't Sterke...
nl.verhalenbank.36049
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Doe kom dêr ris ien, dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne. Hy kom tafallich by Sterke Hearke op 't lân wylst dy oan 't ploegjen wie. Dy frege er. Hearke sei: "Dû fregest nei Hearke? Wel, dêr wennet er en hjir stiet er." En doe hied er de ploech rjochtút stutsen.
nl.verhalenbank.27584
Sterke Hearke wie in boer. Op in kear wie er oan 't ploegjen op it lân. Doe kom dêr in man oan. Dy frege him: "Witte jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke hie de ploech út 'e groun helle en dy tilde er op en hâldde him foar him út. "Hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er." En doe hied er mei de ploech nei syn hûs wiisd.
nl.verhalenbank.37768
Sterke Hearke wie arbeider by de Kloostermannen op Bomkleaster. Hy wie ris in kear oan 't ploeijen op 't lân. Doe kom dêr in man, dy woe wol mei him wrakselje. Dy seach him dêr oan 't wurk. Dy frege him of er ek wist hwer 't Sterke Hearke wenne. Hearke nom de ploege yn 'e hân en sei: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.25650
Greate Pier wie ris oan 't ploegjen. Der kom ien by him op 't lân. Hwer wennet greate Pier? frege dy. Greate Pier krige de ploege mei ien hân beet en tilde him op en sei: "Dêr wennet er", en doe stuts er de ploech rjocht foar him út. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.36189
Op in kear wie Hearke yn 't Leech oan 't ploegjen. Dat wie tsjin it hûs oer oan 'e Lytse Wei, dêr't er wenne. Doe kom der in sterke keardel by Hearke, dy woe wol witte hwer't Hearke wenne. Hy koe Hearke net. Doe sei Hearke: "Dêr wennet er." En hy stuts de ploege rjocht foar him út. "En hjir stiet er", sei er, en doe wiisde er op him sels.
nl.verhalenbank.28167
Der wie ris in sterke keardel. Dy hie wolris heard fan Sterke Hearke. Dêr woed er wolris mei wrakselje. Op in dei gong er nei de Ham ta. Dêr stie ien op it lân to ploeijen. Hy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" It wie Sterke Hearke sels dêr't er by stie, mar dat wist er net. Hearke nom de ploege yn 'e rjochter hân en stuts dy foar him út en sei: "Dat...
nl.verhalenbank.28140
Hearke wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in man by him, dy moest nei in sekere persoan ta. "Kinne jo my ek sizze hwer't dy wennet?" frege er Hearke. Hearke stuts de ploege rjocht foar him út en wiisde dêr mei nei in hûs. "Dan matte jo dêr mar ris sjen", sei er.
nl.verhalenbank.36197
Der wenne in man to Stroobos, dy wie aerdich sterk. Hy hie ek alris heard fan Sterke Hearke fan Droegeham. Dy woed er ris opsykje om to sjen hwa fan beiden it sterkst wie. Doe kom er dêr yn 'e Ham by in man, dy wie op it lân oan 't ploegjen. Hy tocht, dy sil 'k ris freegje. Doe sei er: "Kinne jo my sizze, hwer't Sterke Hearke wennet?" "Jawol," hie dy oare...
nl.verhalenbank.28530
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kamen twa man by him. "Hwer wennet hjir sterke Hearke?" fregen se. Doe sei Hearke: "Nou sil ik jim sizze, hwer't Sterke Hearke wennet." Doe hie er de ploech optild en dêr mei wiisd en doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37835
35