Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne.
Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Sterke Hearke wenne.
Hearke krige de ploech mei de hân beet en sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik."
nl.verhalenbank.23526
Der kommen us guon by in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Dy fregen him nei Sterke Hearke. Dy man tilde de ploege op mei ien hân en sei: Dêr wennet er. Mei de oare hân wiisde er op 't boarst en sei: En hjir stiet er.
nl.verhalenbank.23093
Der kom us ien by Sterke Hearke. Hy wie op it fjild oan 't ploegjen.
"Hwer wennet sterke Hearke?" frege er.
Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Sjoch, hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.23621
Ploegen en vaaren gebeurde met koeien en ossen. Men ploegde dan de voor 2 keer. Als ge de koeien dan brood voejert komme ze toch nie dreug stò.
nl.verhalenbank.46898
Sterke Hearke wie us in kear to ploegjen op it lân. Doe kommen der twa to freegjen hwer't Sterke Hearke wenne. Hjerke tilde de ploech op en wiisde dêrmei rjochtút en sei: "Sjoch dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23409
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen, doe kom der in man by him. Dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne.
Hearke die 't hynder foar de ploech wei. Doe tilde er de ploech op en stuts dy foar him út.
"Dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37131
Sterke Hearke: it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.23420
Heit fortelde ek fan Sterke Hearke. Der wienen us guon by him kom op 'e bou wylst er oan 't ploeijen wie.
"Hwer wennet sterke Hearke?" hienen se frege.
Hearke hie de ploege mei ien hân optild en sein:
"Sjogge jimme dat hûs dêr?" En hy wiisde it mei de ploege oan. "Nou, dêr wennet er. En hjir stiet er." hied er sein.
nl.verhalenbank.26179
Der kom ris in man by Sterke Hearke op it lân. Dy wie oan 't ploegjen. Dy frege nei Sterke Hearke. "Hwer wennet er?" sei er. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hy wiisde dêr syn hûs mei oan.
"Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28395
Mijn vader die woonde in Udenhout, die diende in Udenhout als boereknecht. En in die buurt zat ook nog een knecht bij een andere boer dors uit ein waar de mensen niet van wisten, wat ze er aan hadden. En op een zekere keer, toen zou die knecht ’s graag naar de markt gaan. En was d’r al eens geweest: een hemelse markt, een meimarkt of Sinterklaasmarkt en...
nl.verhalenbank.69684
Der wie in boer, dat wie in forwoesteling. Hy wie altyd gleonhastich en net in arbeider dy't it by him úthâlde koe. Op in kear hied er wer in arbeider, doe moest der ploege wurde. It wie al let yn 'e joun en it wie ûnmooglik dy greate hoeke lân foar de nacht noch to ploeijen. Dat de arbeider sei tsjin 'e boer: "Freegje de duvel, dat dy it docht." De boer...
nl.verhalenbank.19770
Der mat ris ien by him kom wêze, doe wied er oan 't ploeijen. "Hwer wennet sterke Hearke?" mat dyselde frege ha. Doe hat Hearke de ploech opnom en foar him útstutsen en sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik."
nl.verhalenbank.33748
Hjir hat in hiele hiele sterke man wenne. Dat wie Fokke Veenstra. Op in kear wie er oan 't ploegjen op in eker.
Doe kom der in man by him op it lân. Dy frege him:
"Hwer wennet Fokke Veenstra?" (It wie Jaep Eiberts syn heit). Doe krige Fokke de ploege fan 'e groun en hâldde him foar him út.
"Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.34593
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy koe him net. Mar tafallich moest er krekt nei Hearke ta. Hy frege: "Wite jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?"
Doe sei er: "Dêr ginder wennet er." En doe hied er de ploech rjocht út stutsen. Mar hy sei der achteroan: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.38008
Sterke Hearke wie ris op 't lân oan 't ploegjen.
Doe kom der ien by him, dy frege nei in persoan. Hy woe graech wite hwer't dy wenne. Doe hie Hearke de ploege optild en rjocht útstutsen en sein: "Dêr wennet dy man."
nl.verhalenbank.24137
Der wie ris ien by Sterke Hearke kom wylst dy oan 't ploegjen wie. Hy frege Hearke hwer't dy en dy wenne.
Doe hie Hearke de ploech mei ien hân beetpakt en dêrmei nei syn eigen hûs wiisd. Mei de oare hân hied er op 't boarst slein. "Dêr wennet er," hied er sein, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36241
Hearke wie us oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der ien by him. "Hwer wennet Hearke?" frege er.
Doe hat Hearke de ploech by 't sturtein beet krige en sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25598
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe bleau der in man by him stean, dy sei, hy moest dêr en dêr wêze. As Hearke him ek oanwize koe hwer't dat wie.
Doe sei Hearke: "Sjoch, dêrre. Dêr wennet dy man dy't jo ha matte." Hy krige de ploech yn 'e iene hân en wiisde dêr it plak mei oan.
nl.verhalenbank.38680