Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke wenne to Droegeham. Hy wie op in kear mei de hynders op 't lân. Hy bistjûrde de ploech.
Doe kom der ien by him, dy moest him ha, mar hy koe him net.
Dy sei: Hwer wennet hjir Sterke Hearke?
Doe hie Hearke de ploech mei ien hân optild en rjochtút stutsen. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.33456
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Neffens de forhalen mat der noait ien leefd ha dy't sa sterk wie. It gebeurde alris, doe wie er op 't lân oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne.
Doe krige Hearke de ploech beet en stuts him mei de iene hân rjocht foar him út en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." Hy...
nl.verhalenbank.34488
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen op it lân. Der kaem in man by him, dy frege him of er ek wiste hwer't Sterke Hearke wenne.
Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân, dy stuts er rjochtút en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33443
Greate Pier wenne to Kimswerd. Dy wie ris op in kear oan 't ploegjen. Doe kaem der ien by him op it lân, dy sei: "Ik mat by in man wêze, dy neame se Greate Pier. Kinne jo my ek sizze hwer't ik dy fine kin?"
"Jawol", sei Pier. Hy krige it ploechizer mei ien hân beet. Hy wiisde der mei op syn plaets en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37222
Hearke wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in man by him. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?"
Hearke sei: "Hjir stiet er."
Hy heakke de hynders út en krige de ploege beet. Dy tilde er op. Hy stuts him rjochtút yn 'e rjochterhân en sei:
"Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.36591
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy wie ris oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der ien by him, dy frege: "Hwer wennet sterke Hearke?" Dy woed er wolris sjen.
Hearke tilde de ploege op. Hy hâldde him foar him út en sei: "Hjir is er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37202
Willem, de soan fan Douwe Iest yn 'e Koaten joech om God noch syn gebot. Op saterdeijoun mat er mei dien ha oan in avondmael yn 'e herberch yn 'e Koaten. Hy joech nergens om.
Wy wennen op it Hegelân. De saterdeis hie Willem gâns omploege. De jouns sei er: "Hwat hjoed net om komt, komt moarn om."
De oare moarns ier - dat wie de snein-to-moarns - woarde der...
nl.verhalenbank.20590