Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Hearke wenne. Doe tilde Hearke mei ien hân de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24894
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne.
Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Sterke Hearke wenne.
Hearke krige de ploech mei de hân beet en sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik."
nl.verhalenbank.23526
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe wienen der guon, dy fregen him hwer't Sterke Hearke wenne.
Doe sei er: "Dêr wennet er en hjir stiet er." En doe tilde er syn ploege op en wiisde dêrmei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.22835
Sterke Hearke wie mei hynder en ploech op it lân. Doe kom der ien by him dy frege nei de wei. "Dan matte jo dy kant út", sei Hearke, en wylst tilde hy de ploech op en wiisde dêr mei de rjochting oan.
nl.verhalenbank.36918
Der kommen us guon by in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Dy fregen him nei Sterke Hearke. Dy man tilde de ploege op mei ien hân en sei: Dêr wennet er. Mei de oare hân wiisde er op 't boarst en sei: En hjir stiet er.
nl.verhalenbank.23093
It forhael fan Sterke Hearke, dy't de ploege mei ien hân optilt en rjocht foar him hâldt.
nl.verhalenbank.22166
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. In man woe wite, hwer't er wenne. Dy kaem by him op 't boulân en frege him. Doe tilde Hearke de ploege omheech en wiisde syn hûs dêr mei oan. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.30100
Greate Pier wenne yn Kimswerd. Hy leefde yn 'e tiid fan 'e Spanjaerden. Hy wie in great fijân fan Spanje.
Dat wie by de Spanjaerden bikend woarn. Se hienen him forklapt. In overste mei in soldaet gongen nei Kimswerd ta. Dat wienen Spanjaerden. Dy soenen him deameitsje. Sy koenen him net, mar sy seagen dêr in boer. Dy wie op 't lân oan 't ploeijen.
"Boer,"...
nl.verhalenbank.25644
Sterke Hearke syn âlden hienen it o sa earmoedich.
Hja moesten soms fan kleare earmoed brannuddels ite. Hearke wie o sa sterk. Der wie ris ien by him kaem, wylst er op it lân oan 't ploeijen wie. Dyselde hie him frege hwer't er wenne. Doe hie Hearke mei ien hân de ploege optild en it hûs oanwiisd, dat yn 'e fierte to sjen wie.
nl.verhalenbank.29692
Greate Pier wie us in kear oan 't ploegjen.
Doe hie der ien west, dy hie him frege: "Kinne jo ek sizze hwer't Greate Pier wennet?"
Doe hied er in ploege yn 'e hân krige en dêrmei wiisde er syn hûs oan en doe sei er: "Dêr wennet er, en dit is de man sels."
nl.verhalenbank.22853
Greate Pier wenne achter Ljouwert. Hy wie ris in kear oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him op 'e ikker, dy koe him net, mar dy moest nei him ta. Hy frege him hwer't Greate Pier wenne. Doe hie Pier de ploege mei ien hân optild en foar him útstutsen en hy hie sein: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.34610
Der kom us ien by Sterke Hearke. Hy wie op it fjild oan 't ploegjen.
"Hwer wennet sterke Hearke?" frege er.
Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Sjoch, hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.23621
Greate Pier wenne yn Kimswerd. Hy wie op in kear op it lân oan it ploeijen. Doe kom dêr in man by him, dy frege: "Witte jo hwer't Pier wennet?" Pier antwurde: "Sjoch, dêr wennet er." Wylst tilde er de ploege op en wiisde dêrmei syn hûs oan.
nl.verhalenbank.31392
Sterke Hearke wie us in kear to ploegjen op it lân. Doe kommen der twa to freegjen hwer't Sterke Hearke wenne. Hjerke tilde de ploech op en wiisde dêrmei rjochtút en sei: "Sjoch dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23409
Sterke Hearke: it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.23420
Hai woarschouwde veur zwaarde katn en ezels. As ie op pad wazzen en ie kwamen ain van dei daiern inteegn den konden ie rustig weer noar huus goan want anders zol t slechte dag worn. Ezels kwammen in dei tied nog wel es veur, net zo goud as ossen veur de ploug of de wupkoare.
nl.verhalenbank.43707
Heit fortelde ek fan Sterke Hearke. Der wienen us guon by him kom op 'e bou wylst er oan 't ploeijen wie.
"Hwer wennet sterke Hearke?" hienen se frege.
Hearke hie de ploege mei ien hân optild en sein:
"Sjogge jimme dat hûs dêr?" En hy wiisde it mei de ploege oan. "Nou, dêr wennet er. En hjir stiet er." hied er sein.
nl.verhalenbank.26179
Der kom ris in man by Sterke Hearke op it lân. Dy wie oan 't ploegjen. Dy frege nei Sterke Hearke. "Hwer wennet er?" sei er. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hy wiisde dêr syn hûs mei oan.
"Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28395