Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Myn muoike en omke (mem har broer) hienen faek lêst fan 'e nachtmerje. Sy hearden de nachtmerje by de doar wol oankommen. Omke hat wol mei opset oer de flier lein ynpleats fan yn in bêdsté, mei 't ljocht op, mar 't joech neat. De nachtmerje kom like goed. Clare-muoi hat wol mei de nachtmerje oan 't fechtsjen west. De nachtmerje hie hiele lytse hantsjes...
nl.verhalenbank.25170
Nachtmerjes komme by de hynders. Dy ha flechtsjes yn 'e moanjes, as de nachtmerjes der west ha.
It geraemte fan in hynstekop boppe de doar jowt biskerming tsjin kweade geasten (Eastemar).
Ek in flearbeam op 't hiem biskermet de minsken tsjin kweageasten.
nl.verhalenbank.31304
De dochter fan Sikke Boukes yn 'e Westerein wie in nachtmerje. Hja wie troud mei in skoalmaster.
Yn 'e nacht gong se altyd nei hynders en minsken ta om dy to pleagjen.
Achter yn 'e Westerein hat in boer har fangd, doe't er moal op 'e rêch fan 't hynder struid hie. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant sy krige moal oan har. De oare moarns foun de boer har....
nl.verhalenbank.20163
Myn oerpake wie boer op it Blauhûs. Pake wie syn soan en wie doe noch yn 'e hûs. Sy hienen in hynder en dat switte him alle moarnen hast útelkoar. Dan wie 't dier deabinaud. Sa stie 't op 'e stâl en 't wie net to brûken.
Pake woarde nei greate Wopke stjûrd.
Wopke sei: "Dêr is in âld wiif, dy pest dat hynder nachts. Ast wite wolste hwa't it is, dan mast it...
nl.verhalenbank.22057
Onz pabbe zat vol streekn en mög de mensken geern wat ploagen.
Wie hadden ’n keer ’n neie meid en dai mös mit hum te melken.
’t Was nog duuster en dou zee e: ”Pak doe dai mon eerm.”
En dou zeddé heur under ’n bolle.
Ook zee ‘e wol ais: “tou man, olle, pak heur man.” Mit dai “olle” bedoulde hai de duvel.
Man op ’n nacht heurde hai wat boven zuk rommeln op...
nl.verhalenbank.45418
In nachtmerje is in minske. It is in minske dat in straf hat. Sa'n minske mat sawn jier lang in nachtmerje wêze.
Ik ha faek lêst fan nachtmerjes hawn. Ien kear ha'k ien sjoen.
Myn man wie fuort. 't Wie hiel ier yn 'e moarn. Ik wie allinnich thús mei twa berntsjes. Doe fornaem ik ien oankommen. 't Wie in manspersoan, in skipper. Hy hie in brún pakje oan,...
nl.verhalenbank.20096
Omke Linse (van der Veen) wenne yn de Poes (ûnder Surhuzum). Hy wie troud mei Ynskje fan Knjillis Hut. Dat wie in nachtmerje. Dêr hat omke in protte lêst fan hawn. Doe't se noch forkearing hienen kom se alle nachten by him. Omke hie in blêd út 'e bibel ûnder 't holkessen. Mar as er dat us in kear forgeat wied er skjin forlegen.
Ek in kear doe hied er in...
nl.verhalenbank.19882
Geale-om hie ek faek lêst fan in nachtmerje. Dy wenne hjir yn 'e Westerein. Doe wie der ris ien, dy rette him oan, hy moest moal struije op 't gesicht en op 'e tekkens. Doe hat er dat dien en de oare deis, doe siet der in fanke by de tafel. Dy koe net wer fuortkomme hwant sy hie moal oan har.
It wie ien fan Sikke Boukes froulju, tige rike lju.
't Wie wol...
nl.verhalenbank.29756
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars.
It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
De nachtmerje, dat wie de duvel.
Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
Der wie in man, dy hie altyd lêst fan nachtmerjes.
Hy sei tsjin syn buorman: "'k Bin nachts forlegen. De nachtmerje pleaget my sa bot, dat ik bin nachts oan 't smoaren ta. Ik wol der graech ôf wêze."
Doe sei dy buorman: "Ik wyt rie. Ha jo wyt moal yn 'e hûs?"
"Jawol", sei de man.
"Set dan joun in poun moal op 'e tafel. As it tiid is fan op bêd geane jo...
nl.verhalenbank.16874
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?"
Ja, dat wie der wol.
"Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783