Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: plaats Narrator Gender: male Place of Narration: Kollum
Trije âlde feinten út Berltsum seinen: Ons Belkum is een zoeten dal en die daar komt, die blijft er al.
nl.verhalenbank.20941
Doe tochten se: Lit ús dan mar even tsjin dy oare toer oanlynje, dat liket in sterken-ien. It wie de Stienzer. En sjoch, dy bijoech him net, dy bleau stean. Dêrom hjit dat plak 'Stiens'.
nl.verhalenbank.20940
De Jistrumers wienen deun en ek tige earm. Der stie in doomny yn Eastemar, dy mocht de Jistrumers net lije. Hy sei: "Al zette ik alle Eestrumer boeren op de kop, dan viel er nog niet een rijksdaalder uit hun zakken." De Jistrumers gongen froeger (út earmoed) mei in heale sint nei tsjerke ta. As der in tientsje - ek wol in ryksdaelder - wiksele wurde...
nl.verhalenbank.20942
Twa reuzen slotten in feart. Elk mei in heale bollepream. Hja wienen warch en woenen even bikomme. Doe linen se tsjin 'e tsjerke fan Britsum. Dy koe 't net hâlde ûnder sa'n swier gewicht en biswykte. "Ik brits him", sei de iene reus. It plak krige de namme Britsum.
nl.verhalenbank.20937
Der wie us in branjeskipper. 't Wie yn 'e winter en der lei rounom iis. Der koe dus net fard wurde. De skipper lei dêr op 'e rûmte en der foel neat to fortsjinjen. Ik liz hjir de hiele winter ta mine skea, sei de skipper en doe't dêr in doarp kom, krige dat de namme Minnertskea.
nl.verhalenbank.20935
Yn Wargea wenne in reus. In skipper wie dêr kom mei in skûtefol branje. Dy branje moest deselde dei noch út it skip wei, mar de skipper seach der gjin kâns ta. Doe sei de reus: "Ik sil dy helpe." Hy nimt de hiele skûte út it skip wei en leget him omkeard op 'e wâl. Hy hie dy deis oan 't slatten west en dus hied er syn nocht. Om hwat út to rêsten lei er...
nl.verhalenbank.20934
Doe gongen se nei de Falom. Mar dêr gong it har noch minder ôf, doe't se tsjin 'e tsjerke oanlinen. De hiele tsjerke foel om. Sûnt hjit it plak Falom.
nl.verhalenbank.20939
Doe gongen se nei Akkrum en dêr gongen se tsjin 'e tsjerke oan stean. Mar dy rekke forbûgd. "A - krom", sei de twadde reus. Dêrfandinne de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.20938
35