Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wienen twa reuzen, dy hienen 't o sa drok hawn togearre. Doe leunden se ergens yn in doarp tsjin 'e tsjerketoer oan. Mar dy toer bijoech him ûnder it swiere gewicht. De toer bruts. Doe krige dat doarp de namme Britsum.
In skoft letter wienen dy reuzen wer warch. Dêr wie èk wer in toer, in mânsken-ien. Dêr gongen se tsjin oan stean. Dy toer bleau...
nl.verhalenbank.33045
It Blaufallaet telt sa'n trettsjin huzen. It lêste hûs stiet hwat achterút. Dat is in âld plaets.
Se hienen dêr in soan yn 'e hûs, dêr't ik wol kammeraed mei wie. Op in kear kom ik der lâns yn 'e nacht. 't Wie fiif minuten foar tolven. Doe't ik oan 't plaetske ta wie, wie dêr in houn, dy wie wol sa great as in koekeal. En dy woardde ek samar ynienen wei....
nl.verhalenbank.17742
Op Teadehoekje woarde Teade Wagenaar formoarde om in pear sinten. Hy hie in koe oan 't tou, doe't er foarmoarde woarde. Ien hie him in stok ta de hals yn treaun. De oare moarns, doe't er dea foun waerd, hie er it tou fan 'e koe noch yn 'e hân.
Us mem en dy ha tichte by Teadehoekje wenne oan 'e Slingerwei. Dêr tichteby wenne ek in sekere Bonne Veenstra. Dy...
nl.verhalenbank.19744
Ut in oare poel, ek út Surhuzum, hat de master fan 'e staetskoalle al us in stem weikommen heard. Dy stem sei: "De plaats is er, de man is der niet." Ik wie doe noch mar in foech skoaljonge, doe't dat gebeurde.
In jonge, dy't by him op skoalle gong, is der gauachtich neitiid yn forsûpt.
nl.verhalenbank.17741
Yn 'e Surhústermieden by de feart wie in plak, dêr gong it nachts faek op in timmerjen. Njoggen ûre jouns dan bigong it. Altyd klunderen se dêr nachts om. Mar der wie dêrom neat as men der hinne gong.
"Hjir komt fêst in hûs", seinen wy tsjin elkoar.
It hat noch jierren duorre, doe is dêr in nij spultsje delset woarn, flak by de brêge.
nl.verhalenbank.17750
Master Duursma fan Aldegea fortelde ús hoe't de doarpen Garyp, Sumar en Burgum oan har namme kom wienen.
Yn Aldegea wie in diefstal pleegd, mar de dief naeide út. Doe't er yn in oar doarp oankom wie, rôpen se: "Gryp him! Gryp him!" Sadwaende krige dat doarp de namme fan Garyp.
Mar se hienen him noch net to pakken. Hy wie al wer yn in oar doarp. Dêr sieten...
nl.verhalenbank.33368
Sterke Hearke wie ris op it lân oan it ploeijen. Doe kom der in man by him dy woe graech wite hwer't dy en dy boer wenne. Mar dat wie sterke Hearke. Hearke hie in hynder foar de ploege oan 'e jageline. Hy tilde mei ien hân de ploege op en wiisde dêrmei it plak oan en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37921
Der wie in boer, dy syn pleats wie skjin to'n ein. Hy moest noadich in nije boereplaets ha, mar hy hie der gjin jild foar. Hy wie al faek op sjou west om jild, mar 't joech neat, hy koe gjin jild krije.
Doe kom der him ris in kear ien op side.
It wie de duvel.
"Hwannear moat de plaets klear wêze?" sei er.
"Leafst sa gau mooglik", sei de boer....
nl.verhalenbank.25248
Der wienen twa sterke keardels - reuzen - oan 't graven mei in farwetter. Sy lieten de lodde even rêste en seagen achterom. Doe sei de iene tsjin 'e oare:
"A - krom." Dat hearden guon en doe krige it plak, dat dêr lei de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.23629
To Eastemar hat men it Jan Koartslân. Dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.26133
Der wienen twa collega's predikanten. De iene hiet fan Barabbas. De oare syn namme wit ik sa net mear.
Dy twa doomnys wennen yn itselde plak. Mar it harmoniearde net tusken dy beide hearen. De iene mocht de oare, om samar to sizzen, net sjen.
De iene tocht: ik mat sjen dat ik hjir wei kom.
Op in snein hâldde de iene syn preek de moarns, en de oare de...
nl.verhalenbank.33710