Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: pantoffel Place of Narration: Harkema
Se seinen froeger: in nachtmerje, dat is in frommeske. Dy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs en giet sa nei har slachtoffer ta. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten of troch moal op it gesicht to struijen. Se komme ek by hynders. Dy dieren ha dan de oare deis de moanjes yn 'e tiis.
nl.verhalenbank.33645
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs. Ien fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is in nachtmerje. Sy knipe jin de hals ticht. Men kin de toffels achterstofoar foar 't bêd sette of moal oer 't gesicht struije, dan kriget men der gjin lêst fan, sizze se.
nl.verhalenbank.28559
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Sy komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men mat de toffels achterstofoar foar 't bêdsket sette, dan kin men se keare, wurdt der sein. In nachtmerje is altyd in frommes, noait in man.
nl.verhalenbank.25762
In nachtmerje koe in man wêze as in frou. By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138
4