Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: pantoffel Narrator Gender: female
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch 't slotsgat. De minsken setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan hienen se der gjin lêst fan, woarde der sein.
nl.verhalenbank.28316
As ús mem jouns op bêd gong, smiet se de toffels in ein fuort, of sy kearde se om. Dat die se altyd fanwege de nachtmerjes. Hwant dy geane yn 'e fuotleasten fan 'e minsken.
nl.verhalenbank.25874
Om gjin lêst fan in nachtmerje to hawwen, moest men in pear toffels of in pear skuon achterstofoar foar 't bêd sette. Froeger struiden se wol moal. Guon ha wol in nachtmerje fangd.
nl.verhalenbank.23772
In nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in frommes by 't bêd. De lju setten de toffels achterstofoar foar 't bêd, dan mienden se dat se der gjin lêst fan ha soenen.
nl.verhalenbank.33671
In nachtmerje is in frommeske. De suster fan myn skoansuster hie der in protte lêst fan. Sy sette de toffels altyd achterstofoar foar 't bêd en sy hong ek fleartokken foar 't bêd. De nachtmerje kom der troch 't kaeisgat yn.
nl.verhalenbank.27899
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje. Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. De...
nl.verhalenbank.26021
Der wenne yn Grou in feint, dy liet syn faem yn 'e steek en hy gong nei in oare faem ta. Doe kom dy earste faem nachts by him as nachtmerje. Sy pleage him alle nachten sa bot, dat hy woarde der ûnsjoch en meger fan. Mar doe fortelden se him, dat in nachtmerje moest yn deselde fuotleasten stappe as deselde dy't se pleage. Doe sette er de toffels...
nl.verhalenbank.12309
Ik hie sèls àl sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Doe sei myn man op in kear tsjin my: "Ast de nachtmerje nou wer fornimst, dan mast my warskôgje. Dan mast my in stomp yn 'e side jaen." Dêr kom de nachtmerje wer oan. Ik joech Sierd in stomp yn 'e side en doe is hy sa bot bigong to slaen, dat hy sloech de nachtmerje dwars troch de ûnderlegers hinne. De toffels...
nl.verhalenbank.21103
Us heit wie yn 'e ûngetiid by in boer yn Goaijingeahuzen. Dêr wie ek in feint, dy hiet fan Jetse. 't Wie sahwat yn 1905. Jetse hie altyd in soad lêst fan 'e nachtmerjes. "By de jounsbrogge," sei heit, "as wy mei de hannen gear sieten en efkes troch de fingers hinne seagen, dan seagen wy de nachtmerje der wol ynkommen. De feint waerd bleek en mitrich en...
nl.verhalenbank.11485
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars. It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
11