Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As bern ticht by de sleat kommen, seinen se yn 'e Smoarhoeke: "De kikkerts pakke dy!" of "De wettermantsjes pakke dy!"
nl.verhalenbank.28667
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang."
De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer.
"Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
De nachtmerje, dat wie de duvel.
Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
Yn 'e Hamsherne (yn Harkema) wenne in jong frommes, ik tink dat se har Witteveen skreau. Dy wie ôfgryslike sterk.
Op in kear doe wie se to Twizel yn 'e herberch 'De drie witte kannen'. Der wie in keardel dy woarde lestich. Doe hat hja dy keardel by nekke en kont beetkrige en hja hat him oer de hage hinnesmiten.
Hja leeft nou net mear. Yn in wike wie se...
nl.verhalenbank.33420
Heit pleage ús froeger wol as wy der by joun op út moesten en wy wienen hwat brutael. Dan sei er: "Ast net om lyk wolste pakt it pleachbeest dy, hwant dat rint dêr en dêr."
nl.verhalenbank.29336
Rixt wie us op 'e Feanster boat en farde mei nei Ljouwert ta of oarsom. Der wienen arbeiders en kooplju op dy boat, dy pleagen har. Hja hienen hwat to djip yn 'e romer sjoen.
It bigong Rixt to forfelen.
"Ophâlde", sei se.
Mar hja hâldden net op.
"Nou warskôgje ik jimme noch ien kear", sei se.
Mar it joech neat.
Doe stuts Rixt har lofterearm út en hja...
nl.verhalenbank.23434
Ek us op in joun, doe kom Piter by 't tsjerkhôf lâns.
Doe kom dêr in geit wei. Dy hie in ketting achter him oan slepen. Dy geit die trije slaggen om 't hûs hinne, dat foar 't tsjerkhôf stie. Doe gong er wer nei 't tsjerkhôf ta. Piter sette achter dy geit oan om him to pakken. Hwant hy woe him wol ha. Mar doe't hy der oan ta wie, sprong de geit oerside. De...
nl.verhalenbank.19558
Der wie in man dy hie forlet fan jild. Doe kom de duvel by him. Dy seach der út as in knappe mynhear. "Siz mar hoefolle ast ha wolste", sei dy mynhear. De man neamde it bidrach. Doe sei de duvel: "Nou mat ik ek hwat fan dy ha. Hwatstû moarnmoarne it earst fêstbynste, dat is fan my." Dat woarde ôfpraet.
Mar de jouns gong de man nei dûmny ta. Dy fortelde er...
nl.verhalenbank.19363
Antsje Pluk wenne yn 'e Harkema. It wie in tsjoenster. As bern wienen wy bang foar har. Wy mienden dat se yn 'e rogge tahâldde en dat se dêr blauwe blomkes - spoekeblommen - yn forboude om ús to lokjen. Sy kom dan ûnforwacht tofoarskyn om de bern to pakken.
nl.verhalenbank.23942
In doomny en in âlderling moesten ris in kear op hûsbisyk. Sy moesten in hiele minne reed del. 't Wie allegear wiet en brabzich. Doe stie dêr in wriuwpeal fan 'e beesten yn 't lân.
Doomny docht de hoed ôf en groetet de peal.
"Hwat docht doomny nou?" seit de âlderling.
"Dat is mijn broeder," seit doomny, "mijn collega."
Doe moesten se noch troch allegearre...
nl.verhalenbank.32999
As de bern jouns net op bêd woenen, sei heit: "Pas op, hear, de wjerwolf stiet om 'e hoeke, dy pakt jim aenst."
nl.verhalenbank.32756
Der wie us in man, dy sliepte yn it hea. Hy switte as in oandrager. Ynienen krige der him ien by de tean beet. It wie in nachtmerje. De man woarde kâld oan 'e hals ta. De hals woarde him ticht knypt.
nl.verhalenbank.21307