Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As ien op in pod trape kom der tonger.
nl.verhalenbank.36315
Alde Sjoeke wie in tsjoenster. As dy der oankom setten wy as bern gau mei de klomp in krús oer it paed. Dan gong hja werom, hwant dêr koe se net oer komme.
nl.verhalenbank.36303
Wy wennen yn 'e Sweagerbosk. Doe't myn suster Antsje in fanke oerwoan hie, kom Fokke Loonstra us in kear by ús. Hy wenne ek yn Sweagerbosk, oan 'e Swadde. Hy woe de poppe graech us sjen. Hy nom seis ierappeltsjes mei en in pear plakjes spek.
Ik slepte by ús mem. Doe't mem op bêd soe, taestte se nei in grouwe pod mei in doek om 'e kop. Dy pod siet by har...
nl.verhalenbank.18115
As men in slak deatrapet, bigjint it to tongerjen.
Giet men op in pod stean, dan ek.
nl.verhalenbank.20441
Op in pod of in slak moat men net traepje seinen se froeger, oars bigoun it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36151
Stammerige Harm wie net fortroud by 't fé. Dat bitsjoende er.
Tsjoensters matte yn sawn jier tiid op syn minst ien deatsjoene, is 't net in minske, dan in dier.
Wy mochten noait hwat fan in tsjoenster oannimme. Ieten wy it op, dan krigen wy in pod yn 't liif. Ik haw ek ris fan ien heard dy pisse allegear salamanders út, doe't se hwat fan in tsjoenster...
nl.verhalenbank.36150
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte.
Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662