Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wy mochten as bern net op in pod traepje, hwant dan kaem der tonger, seinen se.
nl.verhalenbank.31524
Yn 'e Easterein fan Garyp is in reedtsje foar it hûs fan Wibe Spoor. Yn dat loantsje roan altyd in fôlle mei in krûk om 'e hals. Dy is troch forskeidene minsken sjoen woarn. Hy roan oan 'e wei ta en dan werom, it loantsje del.
nl.verhalenbank.23041
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
nl.verhalenbank.21096
Trapet men op in pod, dan bigjint it to tongerjen.
Rydt men mei de fyts oer in slak hinne, dan ek.
nl.verhalenbank.23047
As men froeger in apel fan in tsjoenster krige, dan moest men hinnegean en liz dy apel yn in panne en set dy panne op 't fjûr. Dan kom de tsjoenster om 'e glêzen.
Biwarre men de apel yn in sluten ding dan wie de apel de oare deis in kikkert of in pod.
nl.verhalenbank.22903
Wat mieren en haaiers oerkaam
'Myn pake, âlde Tamme Hooijenga, wie al mier. Hy hat it my sels wol ferteld. Op in kear lei er tsjin Earnewâld oan yn syn mieretinte. Hy sei: Ik lei midden yn 'e nacht te sliepen en doe tocht ik, dêr trapet ien by my yn 'e tinte om en oer my hinne! Dat wie de Langsleatten man. Ik tochte, astû hjir dyn paad lâns haste, dan...
nl.verhalenbank.13675
Trape men op in pod, dan kaem der tonger.
nl.verhalenbank.32123
As jy in apel krigen fan in tsjoenster, dan moest men dy noait hielendal opite. Iet men him heal op, dan kom der jin neat fan oer. Oars krigen jy in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.22782
Knjillis Wytses yn Sumar wie wûnderdokter. Melle van der Leest (byneamd Sikenvader) moest podden foar him sykje. Dy reau er dan oan elkoar mei in tried troch in poat fan sa'n pod, wylst it beest noch levend wie. Levend en wol kommen dan dy podden by Knjillis Wytses oan 'e muorre to hingjen. Sy moesten útdroegje. Dy podden woarden brûkt foar minsken dy't...
nl.verhalenbank.23112
Trapet men op in pod dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.22783
Der wie in boerearbeider yn Sumarreheide, dy soe nei de boer ta op in moarn. Hy moest oer de Houtsjepaden. Doe't er oan 't earste houtsje ta wie, doe wie dêr hwat op dat houtsje. Noait liker as wie 't in sliepmûtse. Dy arbeider woarde sa binaud, dat hy is weromstoud nei hûs ta. Syn broer hat doe nei 't houtsje ta west to sjen, mar doe wie 't der net mear....
nl.verhalenbank.20322
Doe't ik sa'n fanke fan trettsjin wie gong 'k mei myn omke Tsjerk to jirrappelsykjen foar Jelke Bonnes (Hoekstra) op it lân. Der wie ek noch in kammeraetske fan my by. Wy bigongen de moarns seis ûre al to sykjen en fortsjinnen twa dûbeltsjes deis. Fan elke kuorfol jirappels mochten wy ien jirappel foar ús sels hâlde en meinimme nei hûs ta. Ik fortelde myn...
nl.verhalenbank.20243