Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Fije fan Burgum loek de laden boereweinen krekt sa maklik as in hynder.
nl.verhalenbank.16775
Alde Broersma fan de Wâl wie o sa sterk. Hy hie lân yn 't Bûtenfjild lizzen. Hy hie twa hynders foar in foer hea. Doe't dy net by de hichte op komme koenen mei de wein, sette hy de rêch ûnder 'e wein en krige it gedaen.
nl.verhalenbank.16774
Hearke wie in kear oan 't dongladen. It hynder foar de wein wie net sa sterk en koe it weinfol stront net út it skerngat krije. Hearke spande it hynder út en luts doe mei ien hân de folle wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.36511
't Wie op in joune mei min en tsjuster waer. De boer siet by 't fjûr, doe kom der noch ien oan 'e doar. De boer gong der hinne en doe stie dêr in frommes. Dat frege of se dêr dy nachts bliuwe koe.
Dêr hie de boer gjin biswier tsjin. Sy kom ek by 't fjûr to sitten.
In skoft letter woardde der wer kloppe. Doe wie dat in man op in hynder. Dy frege ek al of...
nl.verhalenbank.17615
Oan 'e Simmerdyk wenne in boer, dy hie in hynder. Dat beest hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje, dat hy hie elke moarn de knopen en flechten yn 'e moanjes sitten en hy dreau yn 't swit. "Ik woe wol, dat ik wiste hokker frommes him dat lapt," sei de boer, "dan stuts ik har mei de foarke yn 'e bealch."
nl.verhalenbank.17611